Kopstukken (doarp)

Kopstukken is in doarp yn it uterste easten fan de gemeente Stedskanaal yn de regio Westerwâlde yn de provinsje Grinslân en leit beëasten Mussel. It is in langhalich streekdoarp mei lintbebouwing. De namme Kopstukken ferwiist nei stikken lân oan de "kop" fan it Mussel-Aa-kanaal. It doarp Kopstukken falt neffens postadressen lykwols ûnder Mussel.

Kopstukken
Lokaasje Kopstukken yn de gemeente Stedskanaal
Lokaasje Kopstukken yn de gemeente Stedskanaal
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Stedskanaal
Sifers
Ynwennertal 150
Oar
Koördinaten 52° 57' NB, 7° 4' EL
Us Leaffrou fan Lourdestsjerke

It doarp Kopstukken ûntstie oan de ein fan de njoggentjinde iuw. Foar dy tiid wie it in feangebiet dat noch net oanmakke wie. It fean waard dêrnei oanmakke en dat luts in soad nije bewenners. Der kamen benammen in soad lânwurklju út Dútslân, dy't harren katolike leauwe meinamen. It doarp waard wynliken in katolyk eilân yn in protestantsk gebiet.

Lykwols kamen der in soad ynwenners fan Westerwâlde fanâlds út Dútslân. It gie om "deserteurs" út de tiid fan de Frânsk-Dútske Kriich fan 1870-1871; Hannoveranen dy't wegeren tsjinst te nimmen yn it Prusyske leger. Dútslân waard yn 1871 fannijs ferienige en it katolike leauwen waard yn Hannover as steatsleauwe ôfskaft. Dêrom hiene dy Dútsers gjin ferlet werom te kearen en bleaune dus yn de omkriten.

Pas yn 1962 waard de Us Leaffrou fan Lourdestsjerke, fan arsjitekt J.A.A Dresmé, boud. Fierder stiet der yn it doarp in Roomsk-Katolike basisskoalle.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Stedskanaal  
Doarpen:
AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeStedskanaalVledderveenZandberg
Buorskippen:
BarlageBlekslageBraambergCeresdorpHöchteHöfteHolteHorstenOomsbergSmeerlingSterenborgTangeTer MaarschTer WuppingVeenhuizenVledderhuizenVossebergWessinghuizen
Wetter:
A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal
  ·   ·