Mussel (Grinslânsk: De Muzzel) is in doarp yn de gemeente Stedskanaal yn de regio Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It doarp hie yn 2019 1.545 ynwenners, dêr't der 980 fan yn de buorren fan Mussel wenje. It doarp leit benoardeasten Musselkanaal en besúdeasten Stedskanaal. Under it doarp falt de buorskip Braamberg en de postadressen fan it doarp Kopstukken falle ek ûnder Mussel.

Mussel
Lokaasje Mussel yn de gemeente Stedskanaal
Lokaasje Mussel yn de gemeente Stedskanaal
Polityk
Provinsje Grinslân
Gemeente Stedskanaal
Sifers
Ynwennertal 1.545 2019
Oar
Koördinaten 52° 57' NB, 7° 2' EL
Offisjele webside
www.musselonline.nl
Keunstwurk by yngong yn Mussel
Kriichsmonumint yn Mussel

Namme bewurkje seksje

De namme Mussel betsjut "sompich lân". De streek waard yn 1445 Musselbroeck en yn 1634 Mussel Brouck neamd. Yn 1899 waard it doarp Musselbroek neamd.

Skiednis bewurkje seksje

De streek dêr't hjoed-de-dei it doarp Mussel leit wie oant 1824 alhiel ûnbewenne. Yn dat jier waarden de earste twa huzen boud op in sânrêch by de lytse rivier de Mussel-Aa del en dêrnei ûntjoech it doarp. It âldste part fan it doarp leit oan de dyk fan Musselkanaal en Onstwedde. Letter woeks it doarp ek by de dyk del nei Vledderveen en Jipsingboertange.

Dêr wennet it neiteam fan de wurklju dy't yn de tritiger jierren fan de tweintichste iuw it gebiet ferplichte oanmeitsje moasten yn it ramt fan de wurkferskaffing. Yn dy snuorje stie it gebiet bekend as de "hel fan Jipsinghuizen". It gea is hjoed-de-dei in wikseljend gea fan bosk en lânbougrûn. Grutte ikkers leverje de gewaaksen foar griene enerzjy, dy't ôfkomstich fan pleatslike biomassagêstkers binne.

Hjoed-de-dei bewurkje seksje

It doarp hat trije ferskillende tsjerken; in Nederlânsk-Herfoarme, in grifformeard frijmakke en in kristlike grifformearde tsjerke. Bûten it doarp, yn it doarpke Kopstukken, is in Roomsk-Katolike tsjerke en in katolike basisskoalle.

Dêrnjonken is der in basisskoalle yn Mussel, de kristlik-nasjonale basisskoalle Op de Zandtange.

Keppeling om utens bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Stedskanaal
 
Doarpen:
AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeStedskanaalVledderveenZandberg
Buorskippen:
BarlageBlekslageBraambergCeresdorpHöchteHöfteHolteHorstenOomsbergSmeerlingSterenborgTangeTer MaarschTer WuppingVeenhuizenVledderhuizenVossebergWessinghuizen
Wetter:
A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal
wizigje