Henk Bleker
Hinderk (Henk) Bleker (Onstwedde, 26 july 1953) is in Nederlânsk politikus foar it CDA. Fan 14 oktober 2010 oant 5 novimber 2012 wie er steatssekretaris fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje yn it Kabinet-Rutte I.
Hinderk Bleker | ||
Algemien | ||
Berne | 15 juny 1953 | |
Berteplak | Onstwedde, Grinslân | |
Partij | CDA | |
Titels | Dr. | |
Politike funksjes | ||
1999-2009 | Lid Deputearre Steaten fan Grinslân | |
2010 | Lid waarnimmend partijfoarsitter CDA | |
2010-2012 | Steatssekretaris fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje |
Libbensrin
bewurkje seksjeBleker waard berne yn in hûshâlding, dy't lid fan de Anty-Revolúsjonêre Partij (ARP) wie, en hy wie de soan fan in postboade. Hy gie fan 1965 oant 1971 nei it Ubbo Emmius Lyceum yn Stedskanaal, dêr't er slagge oan de hbs-a. Dêrnei studearre er fan 1971 oant 1977 politikology oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Hy promovearre yn juny 1984 yn de rjochtsgeleardens oan de Ryksuniversiteit Grins op de dissertaasje Na(ar) goed overleg ...: achtergronden en verbeteringen van overleg in het openbaar bestuur in het bijzonder in verhoudingen tussen overheden.
Yn 1975 en 1976 wie er beliedsmeiwurker op it Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Hy wie fan 1976 oant 1984 ûndersyksmeiwurker by de juridyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins en fan 1984 oant 1999 selsstannich organisaasje-adviseur. Fan 1999 oant 2009 wie er deputearre fan de provinsje Grinslân en fan 1 maaie 2009 oant oktober 2010 wie er direkteur fan RTV Noord yn Grins.
Polityk
bewurkje seksjeNei it ferfarren fan Peter van Heeswijk út it partijbestjoer fan it CDA nei't de Twadde Keamerferkiezings fan 2010 min foar dy partij ferrûn wiene, waard Bleker ta foarriedich foarsitter beneamd. Op 2 oktober 2010 siet er it partijkongres fan it CDA yn Arnhim foar, dêr't de leden harren útsprutsen foar it regearakkoard fan de koälysje fan CDA en VVD mei ynskewiele stipe fan de PVV.
Henk Bleker waard op 14 oktober 2010 steatssekretaris fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje yn it Kabinet-Rutte I. As steatssekretaris fierde er it plan Programma Oanpak Stikstof (PAS) yn, dêr't de oerbelêsting fan stikstof yn Natura 2000-gebieten mei weromkrongen wurde moast, dat plan yn 2009 oansetten troch Twadde Keamerleden Diederik Samson en Ger Koopmans, dy't troch twa miljeuklups oanfochten waard, waard yn 2019 troch de Rie fan Steat net jildich ferklearre en dat late yn 2019 ta de stikstofkrisis.
Yn 2012 tsjinne er it wetsfoarstel yn foar it feroarjen fan de Wet Ynrjochting Lanlik Gebiet, dêr't it ynvestearringsbegrutting yn desintralisearre waard.
Hy makke de Wet Bisten dien; dêrmei kaam der in wetlik ramt foar it gedrach fan minsken foar bisten oer, it behearskjen fan risiko's dy't bisten of produkten fan bisten bringe kinne foar minsken en oare bisten.
Hy brocht yn 2012 in feroaring oan yn de Fiskerijwet fan 1963 yn it ramt fan it bestriden fan fiskstreuperij.
Op 14 desimber 2011 oerlibbe Bleker in moasje fan mistrouwen, dy't yntsjinne waard troch de Partij foar de Dieren, nei oanlieding fan syn hanneljen fan de Q-koarts.
Bleker wie yn 2011 ek ferantwurdlik en kies en alternatyf foar it ûnderwetter setten fan de Hedwigepolder yn Siuwsk-Flaanderen yn it ramt foar it ferdjipjen fan de Westerskelde, dêr't de natuer wer fergoede wurdt moast.
Hy wie kandidaat by de it ferkiezen fan de listoanfierder fan it CDA foar de Twadde Keamerferkiezings, mar krige mar 7,3% fan de stimmen. Sybrand van Haersma Buma waard ta listoanfierder keazen.
Nei de polityk
bewurkje seksjeYn 2014 waard er foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch fan it Seehûnesintrum Piterbuorren. Sûnt 1 maart 2014 waard er ek foarsitter fan Vee&Logistiek Nederland. Ek is er mei-eigener fan in bedriuw mei 250 molkkij yn Mongoalje.
Sûnt maart 2019 is Bleker algemien direkteur fan PowerField Realisatie en Exploitatie Nederland B.V.. Fan desimber 2017 oant maart 2019 wie er dêr lid fan de Rie fan Advys.
Underscheiding
bewurkje seksjePersoanlik
bewurkje seksjeHen Bleker boaske op 13 juny 2015 mei sjoernaliste Barbara Rijlaarsdam. Tegearre hawwe se in famke. Bleker hat twa soannen en in dochter út in earder houlik. Yn july 2019 waard bekend dat Bleker in oardel wike yn it sikehûs lei, mooglik om in aneurysma.
Publikaasjes
bewurkje seksje- Macht in het binnenlands bestuur: een theoretische en empirische verkenning van machts- en invloedsverhoudingen tussen bestuurslagen, mei W.M. van Bremen (1983)
- Na(ar) goed overleg ...: achtergronden en verbeteringen van overleg in het openbaar bestuur in het bijzonder in verhoudingen tussen overheden (dissertaasje, 1984)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |