Kie Ellens
Kie Ellens (Dokkum, 20 jannewaris 1956) is in Nederlânske byldzjend keunstner.[1]
Libben en wurk
bewurkje seksjeEllens folge earst fan 1976 oant 1982 in oplieding skilderjen en dêrnei in oplieding romtlike foarmjouwing oan de Akademy Minerva yn Grins. Hy studearre ôf yn 1982 en makke ferskate romtlike objekten yn ytlike plakken yn Nederlân. Hy eksposearre geregeldwei yn Dútslân en Nederlân. Ellens wie fan 2001 oant 2005 adviseur fan it Atelier Rijksbouwmeester. Fan 1 july 2007 ôf is Ellens direkteur fan de Stichting Wall House #2 yn Grins. Dy stichting biedt alle jierren ynternasjonale keunstners as artist in residence in wurk-, wen- en eksposysjeromte.
It Frysk Museum hat syn ynstallaasje Thuis is ook niet alles (2004) yn de kolleksje.[2]
Wurk
bewurkje seksjeIn kar:
- Two nights - Grins (1995)
- Waving, not drowning - Stedskanaal (1994)
- X-ing the Air - Grins (1986)
- Zonder Titel - Grins, Schoolholm (1988)
- Zonder Titel - Assen, wyk Peeloo
-
Sûnder titel, Assen (1988)
-
Byld yn Schoolholm, Grins
-
Stedskanaal, rotonde Europalaan Atlantislaan Manegelaan
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kie Ellens fan Wikimedia Commons. |