Stedskanaal (kanaal)

(Trochferwiisd fan Oosterdiep (kanaal))

It Stedskanaal is in kanaal yn de Nederlânske provinsje Grinslân en is in part fan de farwei Feandam-Stedskanaal-Ter Apel.

It Stedskanaal fan de Wettertoer fan Stedskanaal ôf sjoen
It Stedskanaal sjoen fan de Drouwenermond ôf

Skippen oant 5,80 meter breed binne tastien yn it kanaal, dat 2 meter djip is. De farwei is CEMT-klasse 0 en begjint op kilometer 7,3 fan it A.G. Wildervanckkanaal mei in ferbining nei it Oosterdiep. Fan kilometer 6,7 ôf begjint it Stedskanaal. Fan kilometer 19,9 ôf folget it Musselkanaal en op 27,8 kilometer folget it Ter Apelkanaal. By kilometer 36,53 spjalt it kanaal him yn it Haren-Rütenbrock-Kanal nei Rütenbrock yn Dútslân.

Der binne twa slûzen yn it Oosterdiep, trije slûzen yn it Stedskanaal, trije slûzen yn it Musselkanaal en twa slûzen yn it Ter Apelkanaal.

Yn 1765 besleat de stêd Grins in kanaal grave te litten foar it befoarderjen fan it oanmeitsjen fan it heechfean yn it Boertanger Fean. Der waard keazen en graaf it kanaal oan de râne fan Grinslân, parallel oan de Semsliny, dy't 150 jier earder fêststeld waard as de grins tusken Grinslân en Drinte.

It kanaal waard einlings 38 kilometer lang en waard yn 1856 foltôge. Troch it ferfieren fan turf waard it ien fan de drokste farwegen fan Nederlân. By de slûzen koene wachttiden oprinne oant wol inkelde oeren lang. Op dy plakken fêstigen harren winkels en kafees. Troch it oanlizzen fan it kanaal ûntstiene de plakken Stedskanaal, Musselkanaal en Ter Apelkanaal.

Oan de Drintske kant waarden in tal sydkanalen groeven, dêr't by dy kanalen del ek inkelde doarpen ûntstiene, de Drentse Monden.

Nei't it fean ôfgroeven wie, ûntstie op de delgrûn in soad lânbou, en waarden der oer it Stedskanaal lânbouprodukten ferfierd, lykas ierdappels foar de ierdappelmoalyndustry en strie foar de striekartonyndustry.

Tagelyk kamen der ek skipswerven oan it kanaal, dêr't benammen binnenfeartskippen, en ek wol lytse seeskippen, boud waarden. Troch it tanimmen fan it frachtferfier oer de diken en de skaalfergrutting yn de binnenfeart, waard it Stedskanaal fan de tritiger jierren ôf hieltyd minder wichtich as farwei. Yn de santiger jierren wiene der sels plannen en smyt it kanaal ticht, mar troch in aksje fan de pleatslike befolking giene dy plannen net troch. Hjoed-de-dei wurdt it Stedskanaal benammen foar de rekreaasjefeart brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: