Dalgrûn
(Trochferwiisd fan Delgrûn)
Dalgrûn of delgrûn[1] is de sânige ûndergrûn, dy't bleat komt as der in laach fean fan ôfgroeven wurdt, en it dêrnei bemjukse wurdt mei bolster.
Gauris wurdt it bolster, dat de boppeste heale meter fan it fean, dy't net gaadlik foar it meitsjen fan turf is, foarearst opslein om letter mei de sângrûn bemjukse te wurde. De boaiem, dy't dêrnei ûntstie, koe, nei goed bedongjen en ôfwetterjen, as reedlik goede lânbougrûn tsjinje.
Dalgrûn komt foar yn Fryslân, Grinslân (de Grinzer Feankoloanjes), Drinte en yn it noarden fan Dútslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|