De Widde Meuln

De Widde Meuln (De Wite Mûne) is in nôtmûne oan de Boltweg by it Damsterdjip yn it Grinslânskse buorskip Boltklap by it doarp Ten Boer.

De Wite Mûne

De Widde Meuln

bouwurk
Nôtmûne 'De Widde Meuln', Ten Boer.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
plak Flag of Ten Boer.svg Ten Boer
adres Boltweg
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1839
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 9775 [1]
offisjele webside
Side fan de mûne op It Grinslânske Gea

SkiednisBewurkje

De mûne waard yn 1839 as pelmûne fan giele bakstiennen boud en letter mei mealstiennen útrist. Yn 1935 waard de wynkrêft bûten bedriuw steld. De mûne ferlear wjukken, kape en stelling en bleau as romp stean, mar bleau lykwols noch op motorkrêft trochmeallen.

Sûnt de jierren 1970 ûnstiene de earste plannen foar in restauraasje fan de mûne, mar it duorre oant 2005 dat der in begjin makke waard oan de rekonstruksje. Earst waard de kape werom set en yn 2006 folgen de wjukken en it binnenwurk. De mûne is as nôtmûne mei twa koppel keunststiennen mealfeardich en yn de mûne is ek in eksposysje oer mûnen ûnderbrocht.

De Widde Meuln is in rûne stiennen boppekruier. De stelling is 5,2 meter heech en de flecht 20,40 meter.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: