Bovenstreek (Midden-Grinslân)
Bovenstreek (Ferfryske: Boppestreek) is in buorskip yn de gemeente Midden-Grinslân, yn de provinsje Grinslân.
De buorskip leit oan in dearinnende dyk yn de polder Oosterbovenlanden, súdeastlik fan Meeden.
De buorskip bestiet út in fiiftal pleatsen en huzen. Eartiids ha der yn it buorskip mear huzen stien, mar dy binne yn de rin fan de 20e iuw sloopt. Dat barde yn it ramt fan de ruilferkaveling Meeden-Westerlee.
Under Westerlee -in stikje súdeastliker fan Bovenstreek- leit noch in buorskip mei de namme Bovenstreek. Dy Bovenstreek leit yn de gemeente Aldamt.