De Nije wie in Frysk tydskrift dat útjûn waard troch de Ried fan de Fryske Beweging. It blêd ferskynde tusken 2018 en 2022.

De Nije
algemiene ynformaasje
taal Frysk
frekwinsje 4x yn it jier
bestean 20182022
plak haadred. Ljouwert (Fryslân)
útjouwer Ried fan de Fryske Beweging
oplaach 600 (2022)
tal abonnees 350

Neidat yn 2017 it fyftichste nûmer fan Swingel útkomd wie waarden plannen makke foar in Frysktalige glossy, as opfolger foar de Swingel. It folslein Frysktalige nulnûmer waard by gelegenheid fan de Fedde Schurerlêzing op 8 desimber 2018 presintearre mei de namme ‘De Nije‘. It blêd waard ferspraat fia Betapress en lei te keap by boekhannels, de Bruna, de Primera en de Poiesz. Yn 2019 besleat de Ried mei fiif tematyske nûmers yn it jier te kommen, in jier letter waard dat werombrocht ta fjouwer kear yn it jier. Tema’s wiene bygelyks Rekreaasje & Toerisme’ en ‘Iten en Drinken’. Foar it blêd wie de Ried ôfhinklik fan frijwilligers. De Nije hie sa’n 350 abonnees en yn de winkel waarden sa’n 250 nûmers ferkocht.

Doe ’t de organisaasje in tekoart op de begrutting hie fan mear as 20.000 euro en de provinsje net byspringe woe, stoppe it tydskrift ein 2022. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsje

  1. ‘’Friestalig tijdschrift De Nije stopt’’, Omrop Fryslân, 13 desimber 2022