Kistwurk
Kistwurk wie yn 2000 it earste Frysk-literere ynternettydskrift, mei Eeltsje Hettinga as driuwende krêft. Kistwurk kaam acht kear ek yn printe foarm út. It tydskrift hat trije jier bestien, oant it 1 jannewaris 2003 stoppe.
Ut Kistwurk kamen de projekten Wrald Finster Gedicht en Gjin grinzen, de reis fuort. Dat lêste wie in trijetalige poezijbondel mei in CD wêrop foardrachten fan de yn de bondel opnommen dichters te hearren binne.
De ynternettydskriften Farsk (2003) en GO-GOL (2005) kinne as opfolgers fan Kistwurk beskôge wurde.