De Stifting Cepher is in Nederlânske stifting dy 't it befoarderjen fan Fryske letterkunde, literatuer en sjoernalistyk as doel hat. Cepher is yn febrewaris 2002 oprjochte troch de Fryske skriuwers Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus en is fêstige yn It Hearrenfean.

Cepher besiket har doelstellingen te berikken troch it útjaan fan (digitale en/of papieren) tydskriften, boeken en oare útjeften, troch it redaksjoneel begelieden fan skriuwers en dichters en troch it jaan fan kursussen. Ta de aktiviteiten fan Cepher hearre ek it literêre ynternettydskrift Kistwurk (2000-2003) en it ynternettydskrift GO-GOL (sûnt 2005).

Yn 2003 joech Cepher it boek Wrâld, finster, gedicht út, in bondel wêrfoar't 30 Fryske dichters harren favorite gedicht út de wrâldliteratuer oersetten en in taljochting op harren kar joegen. In jier letter folge de trijetalige gedichtebondel gjin Grinzen, de Reis/geen Grenzen, de Reis/no Borders, the Voyage, wêrby 't in yn gearwurking mei Omrop Fryslân ta stân komde cd mei lûdopnames fan de meiwurkjende dichters hearde. Dit boek, foarmjûn troch Michiel Postma, waard yn 2004 bekroand mei de Liuweprint, de foarmjouwingspriis fan de Stifting It Fryske Boek.

Webstee bewurkje seksje