Go-gol
Go-gol wie sûnt 2005 in Frysk ynternettydskrift dat publisearre waard troch Stifting Cepher. It stie ûnder redaksje fan Eeltsje Hettinga, Arjan Hut en Elske Schotanus.
Njonken bydragen fan de redaksje - meast kollums en resinsjes oer Fryske literatuer - wiene der bydragen fan Huub Mous en Philippus Breuker te lêzen. Sichting Cepher is yn 2011 opholden mei it meitsjen fan Go-Gol.