Blauhúster Dakkapel
De Blauhúster Dakkapel wie in Frysk dweilorkest út Snits.
Histoarje
bewurkje seksjeBegjin jierren santich besleat in achttal muzikanten út Snits om in wrâldrekôr 'blaasmuzyk spylje fanôf in dak' te fêstigjen. In geskikte lokaasje mei dak waard fûn yn it tichtbylizzende Blauhús. Op it âldereinhûs 'Teatskehûs' dêre waard op 24 juny 1972 in muzikaal wrâldrekôr fan trije oere en ien kertier non-stop blaasmuzyk fêstige, hoewol’t dit 'rekôr' nearne offisjeel registrearre stiet. It barren helle destiids de foarside fan de Ljouwerter Krante en joech de kapel har namme: de 'Blauhúster Dakkapel'.
De Blauhúster Dakkapel wie te sjen by it EK en WK reedriden yn it Thialfstadion op It Hearrenfean. Ek by SC It Hearrenfean waard troch it orkest sûnt de jierren tachtich steefêst by elke thúswedstryd it Frysk folksliet spile foarôfgeand oan de wedstryd. Dat wurdt noch altyd yn eare holden. By de optredens droech de kapel boerekilen makke fan de Fryske flagge. De fêste dirigint wie (al sûnt 1985) Kees van den Akker. De fêste arranzjeur wie (trompetter) Theo A. Brens.
Yn it seizoen 1990 - 1991 waard sc It Hearrenfean beskrobbe troch de KNVB dy’t it net op priis stelde dat de dwerchpoedel fan de Dakkapel los rûn op it fjild. It fjild wie net foar "fjouwerfuotters". Under de wedstryd sc Hearrenfean - FC Groningen kaam de Dakkapel mei in bûnte dieretún it fjild op. De dwerchpoedel waard yn in koai meinomd it fjild op, beselskippe troch in strúsfûgel en in hûn... mei trije poaten. Oan de stekken hong in spandoek mei de tekst: "leaver de drol fan in hûn, as de kak fan it bûn". En so barde it ek, de trijefuottige hûn lei yndie in drol op it fjild.
De groep hat optreden yn in oantal Europeeske lannen, mar ek yn de Karaïben (Sint-Marten) (Philipsburg), Kanada (Montreal, Ottawa, Toronto, Peterborough) en Japan (Tokio, Kurobe). Ek ferbettere de kapel yn 1986 it eigen 'wrâldrekôr', dat sûnttiid op 4 oeren stiet. It âldereinhûs Teatskehûs, op it dak dêr ’t it allegear begûn, is yn 2007 sloopt. Op 10 febrewaris 2007 naam de Blauhúster Dakkapel ôfskied fan 'Teatskehûs' mei in konsert fanôf it dak.
Op 1 juny 2011 waard bekendmakke dat de Blauhúster Dakkapel stoppe mei spyljen. Nei fjirtich jier hiene de mannen besletten om op 1 novimber 2012 in ein te meitsjen oan it bestean fan de kapel. It lêste Thialfoptreden wie op 25 maart 2012 en op snein 5 augustus waard foar de lêste kear op de Snitswike spile. Der is ein april 2012 noch wol in nije cd útkomd. In daverjend ludyk ôfslútfeest wie op 3 novimber 2012.
Besetting Blauhúster Dakkapel
bewurkje seksje- Lyts koper
- 5 x trompet
- Grut koper
- Slachwurk
- 1 x toms / timbalen / effects
- 1 x lytse tromme + bekkens
- 1 x grutte tromme
- Entertaining
- 1 x Fokko Dam mei de buordsjes
Diskografy
bewurkje seksje- CD Ouwe Jonges Krentebroad (2012)
- CD Myn sanseferia (2005)
- CD Gevulde koeken (2003)
- CD Feest- en Stadionhits (2000)
- CD Blauhúster Dakkapel (1991)
- LP De Blauhúster Dakkapel (1981)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|