Lolle Rondaan (Menaam, 3 jannewaris 1919 - Amsterdam/Skiphol, 16 febrewaris 1944) wie in Frysk weinmakker dy't yn de Twadde Wrâldoarloch by it ferset tsjin de Dútske besetter aktyf wie.

Lolle Rondaan
Lolle Rondaan
Lolle Rondaan
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 3 jannewaris 1919
berteplak Menaam
stoarn 16 febrewaris 1944
stjerplak Amsterdam/Skiphol
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Weinmakker
reden
  bekendheid
Fersetsstrider
Iepenbiere bekendmakking fan de ta de dea feroardieling fan û.o. Lolle Rondaan
Stroffelstien foar Lolle Rondaan oan de Berltsumerdyk 2 yn Bitgum

Hy kaam út in grifformearde húshâlding en wie in soan fan Sijds Rondaan (1892) en Zwaantje Brouwer (Nijehaske, 1892). Hy wie ferloofd mei Riek Stork út Amsterdam en wie timmerman/weinmakker fan berop.

Fan 1942 ôf holp er Joadske ûnderdûkers yn Menameradiel; hy wenne doe yn Bitgum. Maitiid 1943 kaam er yn kontakt mei LO-man Rients Westra; foar him socht er ûnderdûkadressen en besoarge er distribúsjebonnen en (fâlske) persoansbewizen. Teffens brocht er Vrij Nederland en anty-Dútske pamfletten rûn en wie er belutsen by it stensiljen en it yn Noardwest-Fryslân fersprieden fan it yllegale blêd Voor God en den Koning.
Mids 1943 gie Rondaan by de KP-Seisbierrum laat fan Rients Bruinsma[1] Fan begjin augustus 1943 ôf wie er as KP’er belutsen by oerfallen yn Seisbierrum, Mullum en Weidum, wêrby't de kaartsystemen fan de pleatslike burohâlders fan de fiedselfoarsjenningsorganisaasje ferneatige waarden en Ausweise bút makke waarden. Under syn lieding waard yn de nacht fan 25 op 26 septimber 1943 de klús yn it gemeentehûs fan Sint-Anne iepenbrutsen en stimpels, 22 blanko persoansbewizen en it folsleine befolkingsregister yn sekken meinaam. Ynearsten ferstoppen Rondaan en syn broer Jan it register op har' sliepkeamer, mar letter waard de hiele brut yn in bakkersûne ferbaarnd.

Troch it ferrie fan Frans Michon, ûnderdûker en deserteur út it Dútske leger, waard Rondaan, by de razzia yn Seisbierrum, Harns en Bitgum fan 22 op 23 novimber 1943 arrestearre mei noch 12 oaren troch de Grinzer SD ûnder lieding fan Anne Jannes Elzinga en Robert Wilhelm Lehnhoff. De arrestanten waarden oerbrocht nei it Hûs fan Bewar yn Grins. Rondaan waard op 14 febrewaris 1944 mei noch fjouwer KP-leden fanwegen 'terroristische activiteiten' ta de dea feroardield troch de rjochtbank (Polizeistandgericht) fan Assen en twa dagen letter deasketten yn de dunen fan Overveen, tagelyk mei syn mei KP-leden Folkert Bergsma en Gerrit Schuil. KP-lid Gerben D. Oswald waard om 18 febrewaris hinne fusillearre, wylst de deastraf fan Rients Westra op it lêste momint omset waard yn libbenslang. Hy ferstoar op 30 novimber 1944 yn kamp Engerhafe (in bûtenkamp fan konsintraasjekamp Neuengamme) yn Dútslân.

Rondaan waard beïerdige op it Earebegraafplak Bloemendaal yn Overveen. Op grêfstien stiet: 'Fallen yn 'e striid tsjin ûnrjocht en slaverij'.

  • Op 15 april 2015 is foar Rondaan in stroffelstien lein.
  • Tresoar hat ôfskiedsbrieven[2] oan famylje en freonen fan Rondaan (en oaren fan de fersetsgroep Seisbierrum)[3].

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.kpsexbierum.nl/Verhalen
  2. ôfskiedsbrieven
  3. Hoe het Sexbierummer verzet brak na verraad, Frysk Deiblêd, 7 febrewaris 2020