Graldastate
Graldastate wie in state besuden Menaam, gemeente Menameradiel. Troch it ôfgraven fan de terp leit de greide op it steed dêr't de state stien hat no leger as it lân dêr omhinne.
Wannear't de state boud waard is net bekend. Op de tekening fan J. Stellingwerf is in hûs te sjen fan twa boulagen mei krúskesinen en lûken foar de ûndersiden fan de ramen. In frijwat 15e/16e iuwsk byld. Ek de namme docht tinken oan hege âlderdom. De bekende eigners/bewenners drage allegear in oare famyljenamme. Mooglik is de namme ûntliend oan de âlde foarnamme Grealt krektas de namme fan de oanbuorjende Orxmastate oan de âldfryske jongesnamme Orck ûntliend liket te wêzen.
Yn 1580 is it hûs yn besit fan Tjepcke Gerbranda, dy't roomsk-katolyk bleau en dêrom twongen waaard om yn ballingskip te gean. Hy stoar yn it bûtenlân en syn widdo Jesck Popma troude mei Sybolt fan Aylva. Dy wie ek al gjin freon fan de protestanten en bleau stiiffêst roomsk. Sybolt kaam út de Wytmarsummer Aylvastaach en bleau yn elk gefal oant 1598 eigener fan Graldastate. Yn 1622 wie Feye fan Aylva eigner, yn 1640 jonker Tjepke Eeske Popke fan Aylva dy't der sels ek wennet en yn 1652 Barthold fan Aylva. Yn 1700 fermeldt it Floreenkohier as eigener de hear J.H. de Wolf en brûker is dan Ruird Pijters. It gehiel is dan 85,5 pûnsmiet grut. Dêrnei komt de state yn hannen fan de famylje Fan Cammingha. Yn 1722 wurdt in frou Cammingha neamd, in dochter fan Watze fan Cammingha. Ek Rixt fan Donia, troud mei boppeneamde Watze fan Cammingha, wurdt as eigenaresse fermelde. Nei 1667 wenne hja op Doniastate by Bitgum.
Yn 1749 hat gritenijsekretaris Johan Casparus Schik syn bûtenferbliuw Oorbijt yn Dronryp ferruile foar it folle gruttere Graldastate. Dat duorre net sa lang, want yn 1764 wennet dêr Theodorus Cock. Dy hat mooglik in hierder west, want yn 1786 wurde noch “de heren Schik” fermeld as eigeners. Yn 1795 waard de state ferkocht en bestie doe út hûs, hôf, tún, grêften en singels 11,5 pûnsmiet en 75 pûnsmiet boulân. De opbringst yn dat ûnsekere revolúsjejier wie mar in meagere 7.500 karolusgûnen. Koart dêrnei waard ek dit grutte hûs, dat neffens de “Tegenwoordige Staat” benammen opmerklik wie troch “haare hooge poort”, tsjin de flakte wurke om safolle mooglik jild te fertsjinjen oan de ferkeap fan it frijkommend boumateriaal.
Bewenners
bewurkje seksje- 1580 Tjepcke Gerbranda
- oant 1598 Sybolt fan Aylva
- 1622 Feye van Aylva
- 1640 Tjepke Eeske Popke fan Aylva
- 1652 Barthold fan Aylva
- om 1680 Rixt fan Donia
- 1700 de hear J.H. de Wolf
- 1722 mefrou Cammingha
- 1749 Johan Casparus Schik
- 1764 Theodorus Cock
- 1786 “de hearen Schik”
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|