Tjeerd Venstra (Menaam, 23 maart 1889 - Dokkum, 14 maaie 1977), ek wol Tjeerd Venstra Ozn. neamd, wie in Nederlânske arsjitekt, dy't benammen aktyf wie yn Fryslân.

Fakânsjewente De Horst (1937) op Skiermuontseach (2010)[1]
Canidunum

Libben en wurk

bewurkje seksje

Nei oan de Ambachtsskoalle yn Harns it diploma timmerje helle te hawwen, folge Tjeerd Venstra de skriftlike BPNA-kursus ta boukundich opsichter, dy't hy yn 1914 foltôge. In jier letter waard hy gemeente-arsjitekt fan Dantumadiel. Yn syn wurk ûntwikkele Venstra in foarleafde foar it ekspresjonisme en de Amsterdamske Skoalle. Yn Dokkum, dêr't hy yn de jierren tritich yn in nei eigen ûntwerp boude filla oan de Wâldwei wenne, ûntwurp hy filla Zonneheuvel (1933). Dit pân is oanwiisd as ryksmonumint, krektas de troch Venstra tekene rekreaasjewenningen Canidunum op It Amelân (± 1935) en De Horst op Skiermuontseach (1937), dy't as kenmerk de reiden kapen hawwe. Nei de oarloch wenne Venstra yn Ljouwert, dêrwei wurke er foar de gemeenten It Amelân en Skiermuontseach. Hy is yn 1977 op 88-jierige leeftiid yn Dokkum ferstoarn.

Wurken (karút)

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. 1,0 1,1 RCE - Ryksmonumint 512349 (Fjoertoerpaad 24, Skiermuontseach)
  2. RCE - Rijksmonument 507106 (Zuiderbolwerk 99, Dokkum)
  3. RCE - Rijksmonument 512335 (Duinweg 15, Nes, Ameland)