De Wiko's
De Wiko's wie in Frysk amusemintorkest dat meast Nederlânsktalige ferskes song. It waard yn 1969 oprjochte troch akkordeonist en boer Kobus Algra út Menaam tegearre mei Wytske Tjoelker en Simon Kromkamp. Oktober 2013 hâlden te Wiko's op te bestean.
De Wiko's | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | amusemint | |
bestean | 1969 – 2013 | |
âld-leden | Kobus Algra Wytske Tjoelker Simon Kromkamp Eduard Bosker Geert van der Ven Marian Giesing Aafke Visser Hepie Hiemstra |
It trio spile op doarpsfeesten, brulloften en feesten. De besetting wiksele geregeld. Algra skreau yn de rin fan de jierren in flink oantal klassikers as 'It Bûthúsbankje', 'Hoantsje op 'e toer' en 'Ariba en Olé'. Mei ûnder mear sjongster Hepie Hiemstra (fan Hepie & Hepie) makken De Wiko's inkele hits, wêrûnder Op Het Perron, Neem Voor Mij Maar Een Ander en Ik Zal Geen Traan Meer Om Je Laten. Sûnt ein jierren tachtich wie De Wiko's it duo Kobus Algra en Eduard Bosker.
De Wiko's namen ôfskied mei in konsert op 30 oktober 2013 yn Menaam. Sy hâlden der mei op, omdat sjonger Kobus Algra slim siik waard. It konsert waard live útstjoerd troch Omrop Fryslân. Nei harren ôfskied skoarden de Wiko's yn 2013 in nûmer ien hit yn de Fryske Top 100 mei It Bûthúsbankje.
Diskografy
bewurkje seksje- De laatste dans (1979)
- De Wiko's
- Roodborstserenade
- Werom yn e tiid
- Fryslân muzyklân, 2 (mei oaren)
Singles
bewurkje seksje- Ariba en Olé
- Op het perron (1977)
- Ik zal geen traan om je laten (1978)
- Vlucht 1203 (1978)
- Achter m'n bakkie (1979)
- Tranen heb ik om jou gehuild (1980)
- Dromen zijn bedrog (1983)
- Adio mijn amigo