Hermanus Alma
Hermanus Alma (Menaam, 10 maaie 1839 - Ljouwert, 3 oktober 1915) wie in notaris.
Alma begûn as notaris op it kantoar fan syn pake Tjeerd Alma yn Menaam (1835-69). Mei Klaas Aartsma en S. Sybouts brocht er it Menamer selskip ‘Nut en Genoegen’, dêr't er ek de oprjochter fan wie, ta grutte bloei. Hy wie fan 1876 oant 1891 notaris yn Ferwert; doe waard er oerpleatst nei Berltsum dêr't syn heit Hendrik Willem Alma fan 1867-77 ek notaris west hie. Hy bleau oant 1910.
Hy skreau anomym trije toanielstikken: Trije jierren letter of Levi Smoel, de lotterijjoad (1863), Rabberij beskamme en woldwaen beleane (1865) en Fryheid, Lîkheid en Broerskip (1866)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Alma, Hermanus. |