Fleringastate
Fleringastate of Galemastate is in eardere state súdwestlik fan Menaam, gemeente Menameradiel, oan de Ljochtmisdyk 45. Op it steed fan de state stiet no in pleats.
It boujier is net bekend. De namme Flaringa of Fleringa waard neamd yn 1501. Yn 1618 wurdt Gale fan Galema neamd en yn 1640 is it eigendom fan Joris Camp en yn gebrûk by Jan Yges Tiesma. Yn 1700 is it besit fan jonker Hector fan Glinstra, “oud Grietman over Tzietzerksteradeel” en is dan 80 pûnsmiet grut.
De pleats leit op in fanâlds tige grutte terp dêr't it meastepart fan oan it begjin fan de 20e iuw ôfgroeven is. Soks is yn it lânskip noch goed te sjen.
Bewenners
bewurkje seksje- 1618 Gale fan Galema
- 1640 Joris Camp, brûker Jan Yges Tiesma
- 1700 Hector fan Glinstra, brûker Simke Hebbes Tjesma
- 2007 J. van der Wal
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|