Hektor fan Glinstra
grytman fan Tytsjerksteradiel
(Trochferwiisd fan Hector fan Glinstra)
Hektor fan Glinstra (19 augustus 1647 - Burgum?, 19 augustus 1705) wie grytman fan Tytsjerksteradiel.
Hy wie de soan fan Epeus fan Glinstra, Griffier fan it Hof fan Fryslân, en fan Eelkje fan Bouricius. Hektor wie de earste sekretaris fan de Rekkenkeamer fan Fryslân, letter lid fan de Generaliteits Rekkenkeamer, en 21 maaie 1686 grytman fan Tytsjerksteradiel. Hy wenne op Hillemastate yn Burgum en wie lid fan de Steaten fan Fryslân. Op 9 juny 1670 troude er mei Johanna Hillegonda fan Vierssen. Syn trije soannen folgen. Yn 1693 wie hy Kommissaris polityk op de Synoade yn Frjentsjer en die yn 1697 ôfstân fan de gritenij foar syn âldste soan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |