1667
jier
Iuwen: | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e | 17e iuw | 18e | 19e | 20e | 21e | 22e |
Jierren: | 1662 | 1663 | 1664 | 1665 | 1666 | 1667 | 1668 | 1669 | 1670 | 1671 | 1672 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1667 MDCLXVII |
Ab urbe condita | 2420 |
Armeenske kalinder | 1116 ԹՎ ՌՃԺԶ |
Etiopyske kalinder | 1659 – 1660 |
Hebriuwske kalinder | 5427 – 5428 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1722 – 1723 |
- Shaka Samvat | 1589 – 1590 |
- Kali Yuga | 4768 – 4769 |
Iraanske kalinder | 1045 – 1046 |
Islamityske kalinder | 1078 – 1078 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 10 dgn. |
Sineeske kalinder | 4363 – 4364 癸午 – 甲未 |
1667 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1667.)
Foarfallen
bewurkje seksje- jannewaris-july - Yn 'e Twadde Ingelske Oarloch tusken de Republyk fan de Feriene Nederlannen en Ingelân wurdt de Ingelske súdeastkust blokkearre. Essequebo, Suriname en Tobago wurde troch de WIC werovere op 'e Ingelsen.
- 6 april - De stêd Dubrovnik (Ragûsa) en omkriten wurde troffen troch de swiere ierdbeving fan Dubrovnik. Yn 'e mande mei de oanhâldende ekonomyske krisis yn it Middellânske-Seegebiet foarmet dit barren it begjin fan 'e ein foar de Republyk Ragûsa.
- 8 maaie - Kening Loadewyk XIV fan Frankryk falt de Spaanske Nederlannen binnen. Dit is it begjin fan 'e Devolúsjeoarloch tusken Frankryk en Spanje.
- ein maaie - By Dendermonde is Loadewyk XIV fan Frankryk twongen him fanwege oerstreamings werom te lûken.
- 12 juny - Jean Baptiste Denis en Paul Emmeretz fiere de earste bloedtransfúzje by in minske út. Se brûke dêrfoar bloed fan in laam.
- 16 juny - Troch de Steaten-Generaal fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen wurdt oktroai ferliend oan Christiaan Huygens foar it troch him útfûne slingeroerwurk.
- 17 juny - De Steatske float ûnder Michiel de Ruyter fiert yn it ramt fan 'e Twadde Ingelske Oarloch de Tocht nei Chatham út troch de Medway op te silen. Dêrby wurde fiif Ingelske oarlochsskippen ferbaarnd en it Ingelske flaggeskip mei weromsleept nei de Republyk.
- 6 july - Dowaai falt yn 'e hannen fan Loadewyk XIV fan Frankryk.
- 31 july - De Frede fan Breda wurdt sletten tusken Ingelân en de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen om in ein te meitsjen oan 'e Twadde Ingelske Oarloch.
- 5 augustus - Ingelân ratifisearret de Frede fan Breda. Under de betingsten fan dat ferdrach behâlde de Ingelsen Nij-Amsterdam (dat omneamd wurdt ta New York), mar jouwe se de folle wichtigere eilannen Sint-Eustatius en Saba werom. Fierders kriget de Republyk Suriname yn besit en ek Kormantyn, in fort yn West-Afrika. It Ferdrach fan Breda ferrommet fierders de Akte fan Navigaasje en Ingelân moat syn oanspraken op Pulau Run yn de Banda eilannen op. It ferdrach is in grutte oerwinning foar de Republyk en benammen foar riedpinsjonaris Johan de Witt.
- 26 septimber - In Siuwske ekspedysje mei sân skippen feroveret it Ingelske fort Paramaribo yn it sûkerrike Suriname.
- sûnder datum - Kening Loadewyk XIV fan Frankryk ferskerpet de tariven tsjin 'e Steatske hannel.
Berne
bewurkje seksje- 30 novimber - Jonathan Swift, Iersk skriuwer († 1745)
Ferstoarn
bewurkje seksje- 29 jannewaris - Jan Oostervelt, Frysk sulversmid (* 1583). (datum beïerdiging)
- 18 juny - Louise Henriëtte fan Oranje-Nassau, hartoginne-gemalinne fan Brandenburch (* 1627)
Literatuer
bewurkje seksje- poëzij
- John Milton, Paradise Lost (oerset yn it Frysk as It Paradys Ferlern)
Jierren: | 1662 | 1663 | 1664 | 1665 | 1666 | 1667 | 1668 | 1669 | 1670 | 1671 | 1672 |
Iuwen: | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e | 17e iuw | 18e | 19e | 20e | 21e | 22e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|