It Paradys Ferlern
It Paradys Ferlern, yn it oarspronklike Ingelsk Paradise Lost, is in epysk gedicht yn blank fers fan 'e hân fan 'e santjinde-iuwske Ingelske dichter John Milton. It epos, dat mear as tsientûzen fersregels beslacht en foar it earst útjûn waard yn 1667, beskriuwt it bibelske ferhaal fan 'e sûndefal en de ferballing fan Adam en Eva út it Hôf fan Eden. Paradise Lost wurdt algemien sjoen as ien fan 'e grutste wurken út 'e Ingelske literatuer. De Fryske oersetting fan Geart fan der Mear waard útjûn yn 2009.
It Paradys Ferlern | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Paradise Lost | |
auteur | John Milton | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epos | |
skreaun | 1658-1663 | |
1e publikaasje | 1667, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Paradys Ferlern | |
publikaasje | 2009, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Fryslân | |
oersetter | Geart fan der Mear | |
ISBN oers. | 978-9 07 85 59 245 |
- Paradise Lost wiist troch nei dizze side. Foar de Britske metalband, sjoch: Paradise Lost (band).
Eftergrûn
bewurkje seksjeMilton, dy't yn 1652 blyn wurden wie, diktearre Paradise Lost tusken 1658 en 1663 oan assistinten en freonen, mar de publikaasje rûn troch in pestepidemy en de Grutte Brân fan Londen (1666) fertraging op oant 1667. Yn 'e earste edysje wie it ferdield yn tsien boeken, mar dy yndieling waard by de twadde edysje, út 1674, oanpast nei tolve boeken, nei foarbyld fan de Aeneis fan Fergilius. Yn 1671 waard Paradise Lost folge troch it minder bekende Paradise Regained ("It Paradys Wer Wûn"), dat fjouwer boeken omfettet.
Ynhâld
bewurkje seksjeIt gedicht hâldt him oan 'e tradysje om in medias res te begjinnen (Latyn foar "yn 'e midden fan it spul"); de eftergrûn fan it ferhaal wurdt letter fertelt. Fierders binne der twa ferhaallinen: ien oer Satan en de oarenien oer Adam en Eva.
It ferhaal begjint nei't Satan en de oare opstannige ingels ferslein en nei de hel (of Tartarus, sa't Milton it neamt) ferballe binne. Satan brûkt dêr syn retoaryske feardichheden om syn folgelingen te organisearjen en kundiget oan dat hy de nij skepen ierde en God syn meast begeunstige skepping, de minske, bedjerre sil. Hy weaget him dêrop allinne yn 'e Kleau en wit mei in nuodlike en drege tocht de gaos dy't de hel omjout, oer te stekken. Dêrnei giet er it Hôf fan Eden yn.
De oarloch tusken de ingels wurdt op ferskate punten yn it gedicht beskreaun út ûnderskate eachpunten wei; it wurdt foarsteld as in grutskalich treffen neffens de epyske tradysje. It fjochtsjen tusken de trouwe ingels en Satan syn folgelingen duorret trije dagen. Yn 'e lêste slach wurde Satan-en-dy ferslein en ferdreaun troch de Soan fan God. Nei dy suvering fan 'e himel fynt de skepping fan 'e ierde plak, mei as hichtepunt de kreaasje Adam en Eva. Wylst God harren it folsleine foech taskikt om oer de skepping te hearskjen, ferbiedt Er harren om 'e fuchten fan 'e beam fan 'e kennis fan goed en kwea te iten, op straffe fan 'e dea.
Yn Milton syn gedicht wurde Adam en Eva foar it earst yn 'e kristlike tradysje foarsteld as minners dy't tagelyk sûnder sûnde binne. Fierders hawwe se persoanlikheden dy't faninoar te ûnderskieden binne. Yn 'e foarm fan in slange slagget it Satan om Eva safier te krijen dat se fan 'e ferbeane fruchten yt. As Adam ûntdekt dat Eva sûndige hat, begiet hy mei sin deselde sûnde. Hy ferklearret dat se oaninoar bûn binne om't Eva fan syn fleis makke is, en dat as sy stjerre moat, hy ek net mear libje kin. Milton past hjirmei it oarspronklike ferhaal út it bibelboek Genesis oan om fan Adam in heldhaftich personaazje te meitsjen, mar ek in grutter sûnder as Eva, mei't hy wit wat er docht.
Nei it iten fan 'e frucht hawwe Adam en Eva foar it earst omgong út lust, en Adam rekket der dan fan oertsjûge dat Eva gelyk hie mei te tinken dat it iten fan 'e frucht goede gefolgen hawwe soe. Lykwols, hja falle al rillegau yn 'e sliep en krije freeslike nachtmerjes, en nei't se wer wekker wurden binne, fiele se foar it earst skuldgefoelens en skamte. Se beseffe dat se wat skrikliks dien hawwe en begjin inoar de skuld te jaan.
Uteinlik is it Eva dy't fermoedsoening siket, sawol mei Adam, as, dêrnei, mei God, Dy't harren ynsafier ferjout dat se net deade wurde. De aartsingel Michael lit Adam in fizioen ûndergean wêrby't er alles sjocht wat de minskheid oerkomme sil oant de sûndfloed. Adam rekket dêr alhiel oerémis fan, dat Michael fertelt him dan ek mar oer de mooglike ferlossing fan 'e minske fan 'e erfsûnde troch Jezus Kristus. Neitiid wurde Adam en Eva út it Hôf fan Eden ferballe, mar Michael treast Adam mei te sizzen dat er in paradys yn himsels fine kin, noch gelokkiger as dat Eden wie.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan Paradise Lost ferskynde yn 2009 ûnder de titel It Paradys Ferlern by Utjouwerij Fryslân te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Geart fan der Mear, dy't ek ferantwurdlik wie foar û.m. de oersetting fan Tess of the d'Urbervilles yn it Frysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References en Further reading, op dizze side. |