Adam en Eva

(Trochferwiisd fan Eva)

Adam en Eva wienen neffens de Bibel de earste man en de earste frou. It Bibelboek Genesis ferhellet dat God Adam skiep: 'stof út de ierde, en de libbenssiken blies Er him yn de noas' (Gen. 2:7). Letter makke Er Eva út in ribbe fan Adam.

Adam en Eva plukke in apel út de 'Beam om te witten fan goed en kwea'

God wie it neifolgjende mei de minske fan doel:

'Doe segene God se en Hy sei tsjin har: Wês fruchtber en win oan yn tal. Meitsje de ierde fol en tsjinstber. Hearskje oer de fisken yn 'e see, oer de fûgels yn 'e loft en oer alle libben dat him op ierde beweecht'. (Gen. 1:28)

De Bibel oer Adam en Eva

bewurkje seksje

God sette Adam en Eva yn de Hôf fan Eden (it Paradys op Ierde), en fertelde har dat sy it fruit fan alle beammen yn de tún ite koene, útsein it fruit fan de beam om te witten fan goed en kwea. Sy libben lokkich oant de slang (Satan) Eva oerhelle om de ferbeane frucht (neffens de tradysje in apel) te iten. Eva iet fan de apel en liet Adam dêr ek fan ite. Op dat stuit waarden hja gewaar dat se neaken wienen en hja skammen har.

 
Eva mei Kaïn en Abel

As straf foar har oerhearrigens, stjoerde God Adam en Eva út de tún fuort nei de bûtenwrâld, dêr't Adam hjitten waard om de grûn te be-arbeidzjen Eva har bern krige. It meast wichtige gefolch fan Adam en Eva's dôfhûdigens wie lykwols de dea: Want stof biste en stof silst wer wurde, sei God. (Gen. 3:19)

Ienris út de Hôf fan Eden ferdreaun, krigen se bern. Trije soannen wurde by namme neamd: Kaïn en Abel, dêrnei Set. Sadwaande waarden Adam en Eva letterlik de âlden fan it minsdom.

De sûnde fan Adam en Eva en it dêrút fuortkommende út de geunst reitsjen by God en harren ferballing út it noflike libben yn it Pardys stiet bekend as de sûndefal.

Neffens de joadske mienskip lizze Adam en Eva yn de Grot fan Machpela bedobbe yn de omkriten fan Hebron. Neffens guon Islamityske boarnen is de Eva har grêf yn de Saûdyske havenstêd Djedda.

Yn Genesis 4 wurde Kaïn, Abel en Set as bern fan Adam en Eva neamd. Yn ien fan de pseudepigrafen fan de Bibel, mammentlik it Boek fan de Jubileeën, wurde njoggen bern neamd, ek dochters sa as Azûrâ, Awân, Lebuda en Qelimath. Azûrâ waard de frou fan Seth en Awân de it wiif fan Kaïn.