Tombe fan Eva
De Tombe fan Eva is in grêf yn de Saûdyske havenstêd Djedda.
Neffens guon moslims is dit it grêf fan de religieusk histoaryske persoan Eva út it bibelboek Genesis. De tombe is boud op it plak dêr't eartiids fan oannaam waard dat Eva dêr stoarn en beïerdige wie. Hoewol't Eva net by namme neamd wurdt yn de Koran, wurdt hja binnen de islam Hawwā (Arabysk:حواء) neamd en as in wier besteand persoan beskôge.
Prins Faisal, ûnderkening fan Hejaz, ferneatige de tombe yn 1928. De grêftombe is, lykas ferskate oare, yn 1975 troch de Saoedyske autoriteiten mei beton ôfdutsen om foar te kommen dat it in beafeartsoarde foar pylgers wurde soe. Dat soe troch de wahabistyske streaming dy't yn Saûdy-Araabje de dominante rjohting yn de islam is, as ôfgoaderij (sjirk) beskôge wurde.