Beam om te witten fan goed en kwea
De beam om te witten fan goed en kwea is in beam dy't mei de libbensbeam yn it bibelboek Genesis foarkomt. De beam stiet mids de Hôf fan Eden, dêr't Adam en Eva yn it earstoan tahâlden op Ierde.
God de Heare hiet de minske:
Alle beammen yn it hôf meisto frij fan ite, mar de beam om te witten fan goed en kwea, dêr meist net fan ite, want de deis datst dêrfan ytst, silst grif stjerre.’
— Gen. 2:16-17
It pear wie lokkich oant de slang Eva ferlate ta it iten fan de ferbeane frucht (faak ôfbylde as in apel) dy't oan de beam groeide. Hja iet fan de frucht en joech dy ek oan Adam dy't der ek fan iet. Op dat stuit wisten sy dat se neaken wiene en sy skammen har dêrfoar. Doe bedutsen hja har lichem mei figeblêden.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tree of knowledge fan Wikimedia Commons. |