Kaïn en Abel
Kaïn en Abel ((Hebriuwsk: קַיִן, Qayjin en הֶבֶל, Hevel, somtiden Habel) binne yn de Tenach, it Alde Testamint en de Koaran de twa âldste soannen fan Adam en Eva.
Kaïn en Abel yn it bibelboek Genesis
bewurkje seksjeNei de sûndefal moasten Adam en Eva sels foar iten soargje. Hja krigen ynearsten twa soannen: Kaïn en Abel. De beide bruorren wurken om sa de famylje fan iten te foarsjen. Kaïn wurke yn de ikkerbou, wylst Abel de hoeder fan skiep wie.
As de beide bruorren de Heare ris in offer bringe wolle, wurdt it offer fan Kaïn net wurdearre. Yn de Bibel wurdt net de reden jûn, mar mooglik makke Kaïn him der mei syn offer fan ôf. Kaïn wurdt sa lilk as in sage, hy freget syn broer in eintsje mei him op te rinnen en slacht him dan nei alle gedachten út oergeunst yn it fjild dea. Dit wie de earste moard yn it minskdom.
Nei de bruorremoard frege God oan Kaïn wêr't syn broer wie. Kaïn andere dat net te witten en stelde de bekende fraach Bin ik dan de hoeder fan myn broer? God wit lykwols wol wat der bart is: it bloed fan dyn broer skreaut My ta út de grûn wei.
Kaïn wurdt ferballe en twongen om om te swalkjen, syn wurk as lânbouwer sil boppedat gjin frucht mear jaan. Mar Kaïn freget God om genede, want hy frezet dat oare minsken him deadzje sille as hy se treft. God is him genedich en seit him God's beskerming ta. Dêrnei giet Kaïn nei it lân Nod, eastlik fan Eden. Dêr krige Kaïn in soan mei de namme Henoch en boude hy in stêd dy't hy nei syn soan ferneamde.
Foar Abel yn it plak krigen Adam en Eva noch in tredde soan: Set.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Alde Testamint, Genesis 4
|