Aldmear (Mitselwier)
De Aldmear is in tochtsleat dy't fan de Súd Ie nei de Mearwei tusken Nijewier en Mitselwier rint en dêrwei nei de wei Mitselwier - Ternaard. It wetter foarmet de midsiuwske grins tusken de himrikken Nijewier en Mitselwier. It lêste stik fan de Mearwei ôf soe neffens guon ûndersikers it oerbliuwsel fan in seeslinke wêze kinne.