Fan Burmania
Fan Burmania is in Nederlânske famylje fan Frysk komôf dêr't de leden fan sûnt 1814 ta de Nederlânske adel hearre.
Skiednis
bewurkje seksjeDe stamrige begjint mei Upke (Wopke) Riencks fan Burmania fan Hitsum dy't yn 1420 neamd wurdt. Hy libbe fan om 1370 oant 1426. Neisieten wiene skepen en grytman yn Fryslân. Twa fan harren waarden op 14 novimber 1520 troch keizer Karel V fan 'e ryksadel makke.
Leden fan it skaai waarden by Sûverein Beslút fan 28 augustus 1814 erkend ûnder de Ealju fan Fryslân en sadwaande opnaam yn de Nederlânske adel. Twa oare leden waarden op 22 oktober 1814 talitten. It laach stoar yn 1825 út.
Bekende Fan Burmania's
bewurkje seksje- Upcke Riencks († Hitsum 1426) is de stamheit fan it laach Fan Burmania. Yn 1408 waard hy neamd as Ocko op in state yn Hitsum, yn 1420 as Upcke op Birdingaterp ûnder Hitsum. Op 5 augustus 1420 segele er mei Upke in den Beddgaryp it fredesferdrach tusken Friezen en Grinslanners. Upke wie troud mei Geel Lollesdr fan Ockinga dy't fan Burchwert kaam en ferstoar yn1420. Hja wie in dochter fan Lolle fan Ockinga en Bauck Takesdr fan Camstra. Se krigen ien soan, Rienck Upckes
- Rienck Upckes († 1434) wie de soan fan Upcke Riencks en Geel Lollesdr fan Ockinga. Hy wenne op Birdingaterp ûnder Hitsum. Hy wie nei alle gedachten troud mei Eeck Douwesdr fan Glins fan Dronryp, dochter fan Douwe (Doede) fan Glins en Both fan Epinga. Hja krigen twa bern: Upcke Riencks en Rienck Riencks.
- Rienck Upckes fan Burmania, († Ljouwert, 1494), Ljouwerter haadling.
- Tjaert fan Burmania († 1541)
- Gemme van Burmania (± 1523 - 1602), politikus en ealman; soan fan Douwe fan Burmania en Saapke fan Idsma.
- Oepke fan Burmania, meastentiids skreaun as Upcke van Burmania (± 1538 - 1615, Frysk histoarikus. Ien fan de earste protestanten ûnder de Fryske adel. Hy is in neef fan preester Upke fan Burmania
- Douwe fan Burmania († 1551), grytman fan Ferwerderadiel en Wûnseradiel
- Carel Georg fan Burmania (± 1570 - 1634), Frysk ealman
- Poppo fan Burmania (1603 - 1676), Frysk militêr yn it Steatske leger.
- Bocko fan Burmania (†1628 of 1629), grytman fan Hinnaarderadiel
- Idzert fan Burmania (1594-1632), grytman fan It Bilt tusken 1622 en 1632
- Rienk fan Burmania, grytman fan Ferwerderadiel tusken 1614 - 1636
- Sjuck fan Burmania (1597 - 1650), grytman fan Wymbritseradiel fan 1626 oant 1647
- Oepke fan Burmania (1629-1673), ek: Upcke fan Burmania, grytman fan Wûnseradiel
- Doecke Martena fan Burmania (1627-1692), grytman fan Wymbritseradiel
- Sjuck Gerold Juckema fan Burmania, 1652 - 1720, soan fan Edwert Juckema (†1672) en Doecke Martena fan Burmania (1627-1692)
- Idzert fan Burmania (1655-1708), grytman fan Ferwerderadiel en Raerderhim
- Ulbo Aylva fan Burmania (1680 - 1762), grytman fan Ljouwerteradiel dy't wenne op Dekemastate
- Laes fan Burmania (1638 - 1691), grytman en deputearre
- Barthold Douma fan Burmania (1695 - 1766), Nederlânsk steatsman en ambassadeur oan it hof fan Wenen
- Epo Sjuck fan Burmania (1698 - 1775), regint
- Hobbe fan Burmania, grytman fan Ljouwerteradiel
- Sjuck fan Burmania Rengers (Lange Sjuck), 1713 - 1784, grytman, dykgraaf, kurator fan de Universiteit fan Frjentsjer en deputearre
- Ulbe fan Burmania (1737-1816), grytman fan Ljouwerteradiel
- Egbert fan Burmania Rengers (1745 - 1806), politikus
- Epo Sjuck Burmania Vegelin van Claerbergen (1790 - 1831), belestingûntfanger yn Jelsum, letter kontroleur fan belestingen yn Assen en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|