Oepke fan Burmania (1629-1673)
Oepke fan Burmania, meast Upcke van Burmania (± 1629 - † 18 juny 1673) wie in neisiet út it laach Fan Burmania. Hy wie in soan fan Sybrant fan Burmania de jongere en Wick fan Ockinga.
Oepke liet him op 10 oktober 1649 as studint ynskriuwe yn Frjentsjer. Hy troude mei Catharina fan Cammingha (septimber 1646 - maart 1668), in dochter fan Taecke fan Cammingha en Luts Sirtema fan Groustins. Fan 1664 oant 1673 wie hy grytman fan Wûnseradiel.
Se krigen trije bern:
- Luts van Burmania (1665 -1690). Luts troude op 7 augustus 1686 mei Skelte fan Heemstra, kolonel yn it leger en eigner fan Heemstrastate yn Oentsjerk. Skelte troude yn 1694 mei Catharina Johansdr fan Scheltinga (1663-1724).
- Sybrant fan Burmania, ± 1666, jong ferstoarnen
- Taecke Sybrant fan Burmania (Wûns, 29 desimber 1667 - Dronryp, 1730). Taecke troude mei Diliana Forster.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |