Oepke fan Burmania (1538-1615)
Oepke fan Burmania, meastentiids skreaun as Upcke van Burmania (om 1538 - 4 juny 1615[1]) wie in Frysk histoarikus.
Oepke fan Burmania stelde tusken 1597 en 1604 syn genealogy fan de Fryske adel ("Frisicae nobilitatis genealogia") gear dat meastentiids it Burmaniaboek neamd wurdt. By it beskriuwen fan syn genealogyen hat er him basearre op boarnen dêr't guon wyls fan ferlern rekke binne. Dêrmei foarmet syn boek in wichtige oanfolling op de noch wol bewarre bleaune "primêre boarnen" lykas oarkonden, registers en grêfstiennen.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- De genealogy fan de Fryske adel neffens Upcke fan Burmania (deade keppeling)
- it Burmaniaboek online (deade keppeling)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |