Idzert fan Burmania (1655-1708)
Idzert fan Burmania (Ferwert, 25 oktober 1655 - dêre, 4 desimber 1708) wie in grytman út it laach Fan Burmania. Hy wie de soan fan Jarich fan Burmania en His fan Camstra.
Biografy
bewurkje seksjeIdzert waard op 29 april 1696 beneamd as grytman fan Raerderhim en op 14 maaie 1701 as grytman fan Ferwerderadiel oant syn ferstjerren yn 1708. Syn namme en dy fan syn frou steane op in Ferwerter sinnewizer út 1704.
Idzert troude op 25 jannewaris 1680 mei Teth Catharina fan Eysinga (doopt yn Wurdum op 25 oktober 1650, ferstoarn 4 jannewaris 1690). Hja wie in dochter fan Frans fan Eysinga en Aaltje fan Eysinga. Se krigen seis bern:
- Teth Juliana Maria fan Burmania, doopt yn Ferwert op 12 febrewaris 1682.
- Alegonda Catharina Teth fan Burmania, doopt yn Ferwert op 18 maart 1683, ferstoarn yn desimber 1721, begroeven yn Ljouwert.
- Jetscke Womela fan Burmania, doopt yn Ferwert op 20 july 1684.
- Anna Selia fan Burmania, doopt yn Ferwert op 14 juny 1685.
- Eduarda Lucia fan Burmania, doopt yn Ferwert op 23 maaie 1686.
- Jarich Julius fan Burmania, doopt yn Ferwerd op 8 april 1688.
Nei it ferstjerren fan syn earste frou boaske Idzert yn 1694 Anna Doedt fan Schwartzenberg en Hohenlansberg (1668 - 24 augustus 1714) in dochter fan George Wilco fan Schwartzenberg en Hohenlansberg en Helena Maria fan Schwartzenberg. Anna wie widdo fan Hobbe fan Aylva (1645-1792) soan fan Ulbe fan Aylva en Hylck fan Lycklema. Ut dit houlik fan Idzert en Anna kamen fiif bern
- Hiske Helena fan Burmania, doopt yn Ferwerd op 20 jannewaris 1695.
- Jarich George fan Burmania, doopt yn Ferwert op 2 desimber 1695, ferstoarn yn Eanjum op 17 desimber 1757. Jarich waard riedshear by it Hof fan Fryslân en grytman.
- Susanna Gratiana fan Burmania, doopt yn Ferwert op 2 desimber 1695.
- Gemme Onuphrius fan Burmania, doopt yn Ferwert op 3 jannewaris 1697, ferstoarn yn 1713.
- Idzert Hobbe fan Burmania, doopt yn Ferwert op 23 oktober 1698
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |