Rienk fan Burmania
Rienck fan Burmania († 1645) wie in grytman út it laach Fan Burmania. Rienck wie in soan fan Gemme fan Burmania, út dy syn twadde houlik, mei Jel fan Aylva († 22 april 1613).
Op 22 desimber 1581 waard Rienck ûnder de namme Regnerus Burmange studint oan de Universiteit fan Leien. Op 4 juny 1590 wie hy studint yn Marburg.
Rienck fan Burmania wenne mei syn frou yn Ferwert en wie grytman fan Ferwerderadiel fan 1614 oant 1636.
Syn namme stiet op in sinnewizer yn Ferwert út 1640.
Rienck boaske syn nicht Ulbet fan Aylva (†Ferwert, 1637) in dochter fan Ulbe fan Aylva en Saepck fan Wynia.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |