Bocko fan Burmania

Bocko fan Burmania († 1628 of 1629) wie grytman fan Hinnaarderadiel.

Bocko fan Burmania
Bocko fan Burmania

Bocko wie de soan fan Poppe fan Burmania en fan Clara Frauwenhoven. Waard yn 1600 grytman fan Hinnaarderadiel, op 4 july 1602 dykgraaf en krige op 29 jannewaris 1614 in sit yn it kolleezje fan Deputearren. Yn it flogjende jier wie hy wegens de Steaten yn de Kommisje ta yntrodusearjen en beëdigjen fan de nije regearingspersoanen fan de stêd Frjentsjer. As lid fan de steaten folge hy, yn 1620, foar Westergoa de lykstaasje fan greve Willem Loadewyk fan Nassau. Hy wie ek lid fan de Admiraliteit yn Dokkum; Wie troud mei Frau fan Burmania en hie by har sân bern, wêrûnder Poppe fan Burmania jr. Doe't syn earste frou stoar wertroude hy yn 1622 mei Ursel fan Roorda fan Ginnum, dy't him twa bern skonk. Der bestiet in portret fan him, gravearre troch Theodorus Matham, mei in Latynsk fers fan A. van der Mast, dêr't ek oer wittenskiplike fertsjinsten rept wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: