Tjaert fan Burmania

Tjaert fan Burmania († Ljouwert, 4 maart 1541) wie in telch út it laach Fan Burmania. Hy wie de soan fan Rienck Upckes fan Burmania en Eeck Tjaertsdr fan Burmania.

Tjaerdt Burmania ûndertekene op 9 july 1504 in akte (reversaalbrief), ek foar syn broer Wopke. Op 5 jannewaris 1505 stie hy as Tyaerdt Bourmanya op de list fan eallju út Ljouwerteradiel. Hy wenne op it Burmaniahûs yn Ljouwert en wie riedshear by it Hof fan Fryslân. Tjaert hie in soad besittings yn Ljouwert en Goutum. Yn 1515 wurdt hy by de hearskippen dy't Karel V huldigje neamd as Heer Tyaerd Burmania en as Tiaerdt Burmania. Yn 1517 moast hy him as drost fan Dokkum oerjaan oan de Geldersken en waard hy drost-ôf. Yn 1517 ruile er stikken grûn mei it Ljouwerter Sint Anthony Gasthûs. Yn 1538 die er saken foar syn frou Graets oangeande lân yn Feinsum. By testamint fermakke er it Burmaniahûs by Aldehou oan syn soan Rienck.

Tjaert wie troud mei Tjets Keimpes fan Unia, dochter fan Keimpe Feyckes fan Unia en Frouck fan Amama. Tjets wie yn 1486 earder troud mei Watze fan Roorda, soan fan Johan fan Roorda en Rints Juwsdr fan Juwinga, ek Jongema.

Tjaert en Tjets krigen fjouwer bern:

  • Rienck fan Burmania († St Quentin, 1558), yn 1527 neamd as Reinerus Bormania studint yn Leuven, ek neamd as Reinold fan Burmania. Dizze Rienck wie ridder en drost fan Coevorden, Drinte en Twinte. Hy wie troud mei Elisabeth Willemsdr fan Brakel, dy't fan Utert kaam.
  • Joost fan Burmania
  • Keimpe fan Burmania († 1526 ?), mooglik as Carolus de Burmania yn 1523 studint yn Bologna.
  • Watze fan Burmania

Tjaert wertroude yn 1534 mei Graets fan Cammingha (1485-1557), dochter fan Pieter fan Cammingha en Fouwel fan Eminga. Ut dit houlik kamen gjin bern. Wol late it sûnt 1536 ta rjochtsaken. Ein oktober 1636 prosedearre Graets as easker foar harsels en har bern. Twa jier letter prosedearre Anna Broersma tsjin Graets. Yn 1537 prosedearre Graets tsjin har bruorren Sicke, Wytze en Haye oangeande goed dy't neilitten wie troch har heit Pieter. Yn 1540 hie se yn Hallum besittings, dy't yn 1511 eigendom wiene fan har earste man Wilcke Holdinga. En yn 1555/1557 prosedearre Graets tsjin har styfsoan Rienck oer de erfenis fan Tjaert.

Graets wie widdo fan Wilcke fan Holdinga, ferstoarn yn 1522, soan fan Botte fan Holdinga en Luypck Sjoerdsdr fan Bolta.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: