Kleaster Sion, ek wol Onze Lieve Vrouwe ten Dale neamd, wie in sistersjinzerkleaster yn Nijewier. It soe tusken 1165 en 1195 stichte wêze. Sion wie it susterkleaster fan it Kleaster Klaarkamp yn Rinsumageast. Op it stee fan it eardere kleaster stiet tsjintwurdich in wente.

Nijewier mei it plak fan kleaster Sion (± 1700)
Memme- en susterkleasters

Sion waard lykas Genezareth by Hallum stichte foar de húsfesting fan de nonnen dy't oant dy tiid flak by Klaarkamp ferbleaune yn it Bannerhûs ûnder Lichtaard. [1] It konvint soe tusken 1165 en 1195 stichte wêze; as eksakt jier wurdt 1191 neamd. [2] Dat soe betsjutte dat Sion it âldste frouljuskleaster fan Fryslân west hat. It kleaster makke kenlik in sterke groei troch, omdat al yn 1233 nonnen oerpleatst waarden nei Nijekleaster by Skearnegoutum. Klaarkamp en Sion bleaune oant yn de 15e iuw in ekonomyske ienheid. Sadwaande wiene lekebruorren fan Klaarkamp aktyf op de lannen dy 't eigendom wiene fan Sion. Mei it ferskowen fan eigen gebrûk nei ferhier fan de kleastereigendommen, waard ek it boelguod fan Sion skieden fan dy fan Klaarkamp.

It kleaster wie ien fan de rykste kleasters fan Fryslân. Der hearde goed 1200 pûnsmiet lân by, dêr't 350 pûnsmiet fan yn East-Dongeradiel lei. De bewensters kamen út de hegerein. It soe kinne dat de sistersiïnzers dit kleaster mei stifte hawwe fanwegen de sâltwinning út moar. By de sistersiïnzers spilen ek ekonomykse motiven mei. Harren libbenswize wie: bidde en wurkje. It lêste waard meastentiids oan de lekebruorren en -susters oerlitten. Ien fan de lêste prioressen wie Auck Donia dêr't in strjitte yn Nijewier nei neamd is. Yn de nacht fan 13 april 1571 hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere [3] Nei de reformaasje is it kleaster yn 1580 opheft.

It eardere kleasterterrein waard yn 1975 oanwiisd as ryksmonumint. By dollen op it terrein kamen mear as ien kear grêfstiennen oan it ljocht fan it âlde begraafplak. Yn 1938 waard in kapiteel út de 12e iuw fûn op it eardere kleasterterrein. [4]

De namme fan it kleaster komt werom yn de namme fan it doarpshûs fan Nijewier dat "Nij Sion" hjit. Begjin 2012 is yn de Keninklike Bibleteek yn De Haach in ûnbekend boek út kleaster Sion fûn. It boek is yn 1561 troch de Ljouwerter Augustini Hendrick zoen skreaun. [5]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mol, J.A., 2006. Klaarkamp bij Rinsumageest: de ruimtelijke ontwikkeling van terp en klooster. Fryslân, 12(2), s. 5-12.
  2. Berg, H.M. van den, 1983. Noordelijk Oostergo. Dongeradelen. 's-Gravenhage: SDU uitgeverij.
  3. Van Vloten,Nederlandse Opstand 180, JAC de Meij, De Watergeuzen en de Nederlanden 1568-1572.
  4. Maasbode, 1939. Het vroegere klooster Sion in Friesland. De Maasbode, [online] 2 mei. Te besjen fia: Delpher.nl.
  5. Ljouwerter Krante 28 jannewaris 2012 s. 23