Hillebrand festige him yn 1812 yn Ljouwert. Hy wie in learling en meiöparbeider fan Albertus van Gruisen en Willem van Gruisen. Tegearre mei syn broer Gerhard Heinrich Hillebrand hie er in oargelmakkerij dy't 1835 tichgie. De tsjerkoargels waarden boud foar fral tsjerken yn Fryslân.[1]
Oargelmakkerij Reil út Heerde restaurearre it ynstrumint yn de jierren 2011-2012. It oargelfront waard werombrocht yn de kleuren fan foar 1909. By dy gelegenheid waard ek it yn 1909 oerskildere gerdyn wer bleatlein en restaurearre.
It oargel waard yn 1831 boud, mar it ynstrumint waard ôfkard en yn 1834 ôfmakke troch Lohman en Soannen. It ynstrumint waard nochal ris restaurearre en feroare, itjinge it oargel net altiten ten goede kaam. Sûnt 1985 wie it ynstrumint net mear te bespyljen. Lang waard der hope op in restauraasje, dy't yn 2010 troch Mense Ruiter (Zuidwolde) yn gearwurking mei de oargelbedriuwen Flentrop Orgelbouw (Saandam) en Winold van der Putten (Finsterwolde) lang om let syn beslach krige.[1] In pear jier wie der ek genôch jild om it oargel wer te foarsjen fan in selsstannich pedaal mei trije registers.