Sesiliatsjerke (Easternijtsjerk)

De Sint-Sesiliatsjerke is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de protestantske gemeente Easternijtsjerk (gem. Noardeast-Fryslân). De tsjerke wie oant de fúzje mei de grifformearde gemeente yn 2006 in herfoarme tsjerkegebou. De twadde tsjerke fan de protestantske gemeente, De Bining, stiet oan de Langgrousterwei en wie oant 2006 de grifformearde tsjerke fan Easternijtsjerk. De Sesiliatsjerke is in ryksmonumint.

Sesiliatsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Easternijtsjerk
adres De Buorren
koördinaten 53° 22' N 6° 03' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sesilia fan Rome
Arsjitektuer
boujier 16e iuw
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31588
Webside
PKN Easternijtsjerk
Kaart
Sesiliatsjerke (Fryslân)
Sesiliatsjerke

De tsjerke is in ienskippich gebou dat oarspronklik wijd waard oan de hillige Romeinske marteleres Sesilia. It skip fan de tsjerke ferfong yn de 16e iuw it 13e iuwske skip en hat in trijesidich koer. Oan de bounaad tusken it skip en it koer is te sjen dat it yn twa fazen ta stân kaam. De sealtektoer stamt noch út de 13e iuw. De tsjerke waard yn de jierren 1990-1991 foar it lêst restaurearre.

 
Oargel

Yn de tsjerke stiet oan de súdlike muorre in rokoko-preekstoel mei doophek. Oan de noardlike muorre steane twa hearebanken, dy't krekt as de preekstoel út de 18e iuw binne. Ek de trije kroanljochters dy't de tsjerke ferljochtsje stamme út dy tiid. In boerd mei de list mei dûmnys oan de eastlike koermuorre is fanôf 1593 bywurke. De hjoeddeiske kleurstelling fan it ynterieur stamt út de tiid fan de lêste restauraasje yn de jierren 1990.

De klok yn de toer út 1668 waard getten troch Jurjen Balthasar en yn 1909 fanwegen in skuor op 'e nij getten troch de bruorren Van Bergen (Midwolda).

It piipoargel is yn 1814 boud troch Jan Adolf Hillebrand. Albertus van Gruisen wreide it ynstrumint yn 1831 út mei in twadde manuaal en in ûnderposityf. De lêste restauraasje hie yn 1970 plak troch it Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: