Laurentiustsjerke (Raerd)

De Laurentiustsjerke is in tsjerkegebou fan de protestantske gemeente Ingwert yn Raerd, (gem. Súdwest-Fryslân). De tsjerklike gemeente hat in frijsinnich profyl. De namme fan de gemeente stamt fan it Fransiskaner kleaster Ingwert, dat eartiids by Poppenwier lei.[1]

Laurentiustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Raerd
adres Buorren 9
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1814
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 32309
offisjele webside
Side Protestantske Gemeente Ingwert

De hjoeddeiske trijesidich sletten sealtsjerke waard boud, nei't de oan de hillige Laurentius wijde midsiuwske tsjerke yn it begjin fan de 19e iuw brekfallich woarn wie. De tufstiennen tsjerke, mei in brede sealtektoer, waard ôfbrutsen en foar de nijbou waard de earste stien op 23 maaie 1814 troch Tjalling Aedo Johan van Eysinga lein. Op 10 septimber 1815 waard de tsjerke yn gebrûk nommen.

 
Gevelstien

Yn 1909 waard it ynterieur fan de tsjerke renovearre en feroare de tradisjonele yndieling. De preekstoel oan de súdlike muorre ferhûze nei de eastlike muorre en it doophek dat om de preekstoel stie waard foar de preekstoel yn in rjochte line opsteld. De hearebank ferhuze nei achteren en de opstelling fan de banken foar de manlju waarden oan de oare kant fan it mulpaad parallel oan de frouljusbanken opsteld. In tal monumintale sarken waarden út de flier helle en rjocht tsjin de muorre set.

De restauraasje yn de jierren 2009-2012 hat de âlde sitewaasje fan foar 1909 wer hersteld. Op 1 juny 2012 waard de tsjerke wer iepene.

 
Byld fan de oarspronklike patroanhillige

It ynterieur stamt foar in grut part noch út de yn 1814 ôfbrutsen midsiuwske tsjerke. De ryklik mei rokoko-fykwurk dekorearre preekstoel en it doopstek binne 18e-iuwsk en binne makke troch de houtsnijer Dirk Embdervelt út Ljouwert. De panelen binne fersierd mei froulju yn in rokoko-omlisting, dy't de deugden foarstelle. Ek 18e-iuwsk is de hearebank. De trije tekstbuorden en de sydkanten fan de frouljusbanken binne teffens yn rokoko-styl holden. Yn de tsjerke hingje trije roubuorden. Oer de flier lizze sarken út de 16e en 17e iuw. In tal sarken binne by de lêste restauraasje ûnder de flier werom fûn en restaurearre.

 
It yn 2011-2012 restaurearre Hillebrand-oargel

Yn de toer hingje twa klokken. Op 28 april 1943 waarden beide klokken troch de Dútsers nadere. De âldste yn 1762 troch Johan Nicolaus Derck getten klok kaam nei dy tiid werom fan it klokketsjerkhôf, mar de twadde 19e iuwske klok net en waard yn 2010 ferfongen troch in yn 1965 getten klok, dy't de namme Benedictus draacht.[2]

 
It front fan it oargel is mei muzykynstruminten fersierd

Mei de bou fan de nije tsjerke yn 1814 folge ek de bou fan in nij oargel troch Johan Adolf Hillebrand út Ljouwert. Op 18 augustus 1816 waard it oargel yn gebrûk nommen. Wat der barde mei it âlde oargel, in yn 1649 troch Arnold en Tobias Bader boud ynstrumint, bliuwt ûnbekend.

De Ljouwerter oargelbouwer Van Dam fernijde it ynstrumint yn 1863. Yn it âlde front waard mei wergebrûk fan it âldere piipwurk in kompleet nij oargel boud. De technyk en tsjintwurdige disposysje fan it ynstrumint datearret út dy tiid. Ek waard it front wyt ferve, mar yn 1909 krige it mei de renovaasje fan it ynterieur in brune kleur. Tagelyk waard doe ek it op it plafond skildere gerdyn oerferve.

Oargelmakkerij Reil út Heerde restaurearre it ynstrumint yn de jierren 2011-2012. It oargelfront waard werombrocht yn de kleuren fan foar 1909. By dy gelegenheid waard ek it yn 1909 oerskildere gerdyn wer bleatlein en restaurearre.[3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: