Boarnwerterhoeke
Boarnwerterhoeke is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Boarnwerterhoeke leit noardwestlik fan Dokkum, eastlik fan Boarnwert en noardeastelik fan Raard.
De bebouwing fan dit lytse buorskip leit oan de Raarderwei en Parrallelwei. Fjouwer hûzen steane oan de Raarderwei fan de N365 rjochting Raard en ien hûs stiet oan de Parrallelwei dy parrallel rint oan de N365. De N365 is de provinsjale wei fan Holwert nei Dokkum.
Boarnwerterhoeke lei oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn de eardere gemeente West-Dongeradiel en fan 1984 oant 2019 yn de eardere gemeente Dongeradiel en dêrnei yn de gemeente Noardeast-Fryslân.