Aldwâldmersyl
De Aldwâldmersyl is in buorskip yn 'e himrik fan Aldwâld by in syl yn de Wâlddyk dêr't de Swemmer yn it Dokkumer Djip útkaam. De namme komt ek foar as Oudwouderzijlen, Oldwoldumer Zyl en Aldwâldmer Syl.
By Aldwâldmersyl lei yndertiid de Gauckemastins. Dy stins waard bewenne troch de famylje Gauckema dy't besibbe wie oan de famyljes Remmersma út Dokkum, Mellema út Eastrum en Bootsma en Van Meckema út Kollum. Letter gie de sate oer nei de famylje Galama. Yn 1700 waard noch sprutsen fan in "zate omtrent Oudwoudmerzyl".[1]
Aldwâldmersyl
bewurkje seksje-
-
De Aldswemmer
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|