Mellemastate (Eastrum)

Mellemastate wie in state by Eastrum yn Eastdongeradiel, tsjintwurdich de gemeente Noardeast-Fryslân. Op it steed stiet no in pleats.

Mellemastate
  kastiel
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Eastrum
koördinaten 53° 20' N 6° 03' E
Skiednis
stiftingsjier 14e iuw (?)
nijbou 16e/17e iuw
ferneatiging 1735 troch sloop
Kaart
Mellemastate (Fryslân)
Mellemastate

De state waard nei alle gedachten yn de 14e iuw stifte. De famylje Mellema wurdt neamd yn 1422, it guod yn namme fan eigener-bewenner Mellema yn 1511.

Yn 1422 waard, folge troch Focko Ropta yn Mitselwier, Sasbet te Foudgum en oare haadlingen út de omkriten, neamd ûnder de Skieringers, dy't mei Focke Ukena in ferdrach sletten.

Yn alle doarpen moast in saneamde 'iehear' foar oarder en frede soargje. Alle jierren wie dat wer in oare ynwenner fan it doarp, dy't om de beurt dy funksje ferfolden. In iehear moast wol besitter fan in state wêze. Syric Mellama wie yn 1423 iehear yn Dongeradiel, yn 1444 sleat er mei oare eallju fan it Eastergoa in ferdrach mei [Grins. Yn 1450 besegele er de oarkunde oer ûnder mear it Eastrumer sylfest. In Siuck Mellema besegele yn 1453 in oarkunde oer de jiermerken yn Eastergoa. Oan de ein fan de 15e iuw rekke Mellemastate grif troch fererving oan de famylje Remmersma yn Dokkum. Poppe Remmersma, soan fan Hessel Remmersma en Bernsck Heslinga, wie yn 1511 nammentlik eigener fan Mellemastate, wêrnei't hy him Poppe fan Mellema neamde. Hy wie doe de grutste grûnbesitter fan Eastrum.

De state dy't Jakob Stellingwerf tekene ûntstie nei alle gedachten tsjin it ein fan de 16e iuw of it begjin fan de 17e iuw. Yn 1735 liet Feye fan Heemstra Mellemastate ôfbrekke om de bou fan Heemstrastate yn Oentsjerk mooglik te meitsjen. De slotpoarte bleau noch in skoft stean.

Yn 1812 stie op it grûngebiet in pleats. Dy pleats waard yn 1963 ferfongen troch de hjoeddeiske pleats, nei't de âlde pleats ôfbaarnde.[1]

  • Syric Mellama (?), 1422, 1423, 1444, 1450
  • Siuck Mellema (?), 1453
  • Hessel Remmersma (?), troud mei Bernsck Heslinga. Soan:
  • Poppe Remmersma alias Mellema, eigener yn 1511. Dochter:
  • Luidts Mellema troud mei mr. Hessel Ruurts fan Feitsma. Soan:
  • Offcke fan Feytsma, testearde yn 1612. Syn broer:
  • Jelger fan Feitsma - ± 1643 Gerbrant Harkesz Eelckema, troud mei Tjetscke fan Albada
  • ± 1643 - 1651 Marten Hania fan Eelckema
  • Catharina fan Scheltinga, troud mei Schelte fan Heemstra
  • - 1735 Feye fan Heemstra

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Herma M. van den Berg Noordelijk Oostergo - deel 2: De Dongeradelen