Hantumhuzen
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Noardeast-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2021) | 215 | ||||
Webstee | Webstee (Hantum, Hantumerútbuorren en De Lytse Jouwer |
Hantumhuzen, is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Hantumhuzen leit noardlik fan Hantumerútbuorren, eastlik fan Hantum, westlik fan Easternijtsjerk en besúden Wierum. Yn 2021 telde it doarp sa’n 215 ynwenners. De doarpskearn leit oan de Loubuorren, op de terp fan Hantumhuzen.
It buorskip Hantumerhoeke heart ek by Hantumhuzen.
Sûnt 2019 leit Hantumhuzen yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
HantumerhoekeBewurkje
By de ôfslach fan de Fennewei en de Bangawei is it buertsje Hantumerhoeke ûntstien. Dêr steane de streekskoalle en Grifformearde Tsjerke.
De Herfoarme TsjerkeBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Sint-Annetsjerke (Hantumhuzen).
De foarse toer moat om 1200 hinne kommen wêze. Der hinget in klok yn út 1616. Yn de earste helte 13e iuw is it skip fan de oan Sint Anne wijde tsjerke boud. It is ien fan de moaiste foarbylden fan de romanogotyske tsjerkebou wurden. De tsjerke wie ien fan de earste bakstiennen tsjerken yn Fryslân (boarne?). Yn de tsjerke binne fierder skildere ferwulfribben oanfold mei siermitselwurk.
Yn de tsjerke is in rokokopreekstoel en in epitaaf foar Pibo Eminga en syn frou Biueck Sioerda (1563). Yn de tsjerke binne ferwulften beskildere mei blommotiven. Opmerklik is fierder de kânsel en in grêfstien dy’t in oantinken is oan Amko Jaarla.
It koar is der yn de 18e iuw oan tafoege. By de restauraasje fan 1939 oant 1942, ûnder lieding fan arsjitekt A. Baart sr., is it koar opnij oplutsen út kleastermoppen en binne de 19e-iuwske finsters ferfongen yn 13e-iuwske styl, yn harmony mei it skip fan de tsjerke. De tsjerke is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
StatesBewurkje
Fan Hantumhuzen binne fiif staten bekend. Poptastate is as in let-18e-iuwske kop-hals-romppleats oerbleaun binnen de âlde grêft. In part fan de âlde stinsmuorre (105 cm dik) is noch werom te finen tusken de hals en de kop. Poptastate soe it stamhûs fan de Popta's yn Marsum west hawwe (Poptagasthûs), mar genealogyske bewiis is dêrfoar net fûn. Westlik oan de râne fan it doarp lei Bangastate, no in pleats; súdlik fan de tsjerke, no ek in pleats, lei Heringastate; noardlik fan de tsjerke Peymastate en Rintjemastate.
MienskipBewurkje
Eartiids foarmen de ynwenners in hecht doarp mei eigen fersjennings. De winkelju en de ambachtsminsken binne lykwols opholden, sa't men wer oanwiisd wie op it memmedoarp Hantum. De lêste winkel dêr is lykwols ek al wer in skoft sletten.
Aktiviteiten:
- 30 april: merk (blommeferkeap en bernemerk);
- Ringriderij: op de lêste sneon fan juny;
- Jierliks kuiertrijedeiske en tipeljen;
- Hardersoptocht, 24 desimber (op 'e siik nei de kryststâl).
- Doarpsfeest: elts ûneven jier
- Mienskiplik doarpsfeest mei Hantumerútbuorren, Hantum en De Lytse Jouwer mei fersierde weinen: elts even jier.
BefolkingBewurkje
FerskaatBewurkje
Hantumhuzen wie it berteplak fan Dr. J.J. Kalma.
StrjittenBewurkje
't Smidsplein, Balstienwei, Bangawei, Dokkumerwei, Fennewei, It Paadsje, Kamphuisstrjitte, Loubuert, Master Galstrjitte, Portmawei, Wierumerwei.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hantumhuzen fan Wikimedia Commons. |