Sibbekunde

Wikimedia-betsjuttingsside
(Trochferwiisd fan Genealogy)

Sibbekunde, ek wol stambeamûndersyk of genealogy, is in dissipline fan de skiednis dy't him dwaande hâldt mei ûndersyk nei foarâlden of ek wol ôfkomst fan in famyljenamme. Sibbekunde as leafhawwerij wurdt hieltiten mear dien.

Mei help fan dizze foarm fan ûndersyk is it mooglik de eigendomskiednis fan ûnreplik guod nei te gean. It besit fan grûn fererft nammentlik faak binnen de famylje. Undersyk nei de famyljes fan midsiuwske haadlingen meitsje yn kombinaasje mei eigendomsrekonstruksjes it faak mooglik mear te witten te kommen oer de skiednis fan aadlike machtsposysjes en de bewenningskiednis fan stinzen.

It fêstlizzen fan de gegevens dy't út sok ûndersyk komme, wurdt tsjintwurdich faken yn in kompjûterprogramma lykas Aldfaer dien.