Peymastate (Hantumhuzen)

Peymastate stie noardlik fan Hantumhuzen yn de gemeente Dongeradiel, oan de wei nei Wierum. Op it stee stiet yn 2010 in pleats.

Peymastate

Peymastate ûntstie yn de 16e iuw en krige syn namme doe't Sybe fan Peyma him om 1570 hinne yn Hantumhuzen fêstige. Hy wie in soan fan Worp fan Peyma sr. en ferfear letter nei ?kkum. It hûs waard dêrnei troch syn broer Tyemme bewenne. Omdat ek dat staach fan de Peyma's Roomsk-katolyk bleaune, komt de state net foar op it âldste stimkohier fan 1640. Yn dy tiid waard de state bewenne troch Hero Hartman fan Peyma, soan fan Tyemme. Dy liet der in grut nij hûs sette, wat syn finansjele draachkrêft fier te boppen gie.

Inkele hûnderten meters nei it easten lei oan de Peazens ek in Peijmastate, dy't fanâlds ûnder Ternaard foel.

Yn 1723 hat Jacob Stellingwerf in hûs yn Hantumhuzen ôfbylde ûnder de namme “Peyma State”. Dat is sa goed as seker in ferkeard ûnderskrift en it is oannimliker dat dit in tekening is fan it tichtby lizzende Rintjema Grut Stins.

Yn 1961 binne yn in wetterput, gearstald út tapsk behakke bakstiennen, gebrûksfoarwerpen en diggels fûn, dy't út de 16e iuw en earder komme. Ut it terrein wie ôf te lêzen, dat der in mids grêften lizzend hûs stien hat.

Eigeners/bewenners

bewurkje seksje
  • 1570 Sybe fan Peyma
  • Tyemme fan Peyma
  • 1640 Hero Hartman fan Peyma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: