Bangastate wie in state by Hantumhuzen yn de gemeente Dongeradiel, oan de westlike kant fan de himrik. Fan de state is neat werom te finen, op it stee stiet no in pleats.

De state sil yn de 14e iuw ûntstien wêze. Om it ferhege stee lei in grêft. Yn 1511 waard de state bewenne troch Thalling Banga, dy't doe 84 pûnsmiet hierde fan Worp fan Donia fan Dantumawâld. De kaart fan Schotanus fan 1664 jout op dit plak in edele state, mar yn 1718 lykwols allinne in stimhawwende pleats. Ut de argiven blykt dêrom ek neat fan in edele state, of it soe wêze moatte, dat yn 1619 neist de brûker fan de lannen as bewenners neamd wurde de húshâlding fan Johannes fan Buiten, soan fan de sekretaris fan Frjentsjerteradiel. Yn in ynventaris út 1618 wurdt it hûs op Banga dat 20 fak lang wie, ûnderferdield yn 'een voorhuijs, keucken, dorschhuijs ende achterhuijs'; fierders wie der in 'cleijn huijs' fan 3 fak, in 'molckencamer aen die noortsyde van thuijs' en in '6 roede hoijberch' (Weesboeken).
De hjoeddeiske bewenner (om 1980) hat lykwols by graafwurk op it hiem in soad kleastermoppen fûn, wat wize kin op in earder let-midsiuwsk gebou.

Eigeners/bewenners

bewurkje seksje
  • 1511 Thalling Banga
  • 1619 Johannes fan Buiten

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: