Trijeboerehuzen
Trijeboerehuzen is in buorskip dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Trijeboerehuzen leit eastlik fan Holwert en westlik fan Ternaard. Trijeboerhuzen heart ta de himrik fan Holwert.
Trijeboerehuzen | ||
![]() | ||
Trijeboerehuzen: pleats Uylsmahorn (ryksmonumint) | ||
Polityk | ||
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
himrik | ![]() | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 22' 38" N 5° 55' 30" E | |
Kaart | ||
Sûnt 2019 leit Trijeboerehuzen yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it buorskip yn West-Dongeradiel.
De kearn fan de buorskip leit oan de Holwerterdyk (N358) en de Witmonnikswei. Trije pleatsen fan de buorskip lizze oan de noardside fan de Holwerterdyk (yn de East-Holwerter Polder) en 2 pleatsen lizze oan de súdside fan de Holwerterdyk.
De nammen fan twa fan de pleatsen út de 19e iuw binne Uylsmahorn en Bleinsma.
SkiednisBewurkje
De buorskip hat yn it ferline by Ternaard heard. Yn dy tiid hiet de buorskip Uylsmahorn. Dêrom ek de namme fan de pleats Uylsmahorn.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|