De Trieme
Flagge fan De Trieme Wapen fan De Trieme
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Trieme
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2022) 328
Webstee []

De Trieme is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. De Trieme leit noardlik fan Kollumersweach, westlik fan Aldwâld en besuden Westergeast. Yn 2022 hie De Trieme 328 ynwenners. De doarpskearn leit oan De Triemen.

De buorskip De Bûnte Hûn (diel) heart ek by De Trieme. Sûnt 1940 is De Trieme in selsstannich doarp, dêrfoar hearde it by Westergeast.

 
In part fan De Trieme

De Trieme is yn syn kearn in streekdoarp. It is earst sûnt 1940 selsstannich; foar dy tiid wie it in buorskip ûnder Westergeast. De namme komt lykwols al foar yn in akte út 1467, as "op 'e Trema" ("op de seewarring").

De Trieme wie fan âlds in plak dêr't de adel de simmerhuzen hie. In restaurearre wenpleats stiet op it plak dêr't de grytmansfamylje Van Aylva harren simmerhûs Bommelatijer hie.

It doarp leit op in sânrêch. Omdat der altyd in soad ikebeammen op de sângrûn groeie stiet der ek in iik yn it doarpswapen. De kantelen op it doarpswapen binne ôflaat fan de eardere stins fan Buma.

De Trieme leit oan it Lykpaad. It Lykpaed rint fan de Dôlle nei de Strobossertrekwei. In oare histoaryske rûte rint oer de Hanecroothsingel. De namme Hanecroothsingel is ûntliend oan in famylje, dy't út de stêd Nassau yn Dútslân kaam. De legerkapitein Everhard Wilhelm fan Hanecrooth, dy't yn 1747 op mysterieuze wize in de "Oudwoudener Zijlriedt" ferdronken is, hat hjir in skoft wenne.

Kristlike skoalle

bewurkje seksje

De kristlike skoalle fan De Trieme, dy't yn 1876 stifte is troch de earste otterdokse dûmny fan Aldwâld, ds. Joh. Politiek, wie de earste kristlik nasjonale skoalle yn 'e wide omkriten. De bern kamen sels út Aldwâld en Kollumersweach.

Yn 1957 is der in nije skoalle kommen. Dy leit tichter by Westergeast. Dat hie der mei te krijen dat de skoalle yn Westergeast doe opheven is.

Natuerreservaat

bewurkje seksje

Ta De Trieme heart ek natuerreservaat De Dôle. Dit reservaat, dat 3 bunder grut is, is partikulier besit, mar wurdt beheard troch It Fryske Gea. Der briede in protte fûgels yn it reservaat en der komme ferskate moerasplanten foar.

It doarpshûs hjit De Bazuin.

Strjitnammen

bewurkje seksje

De Dôle, De Triemen, Migchelbrinkwei, Trekwei, Triemsterloane, Ulkeloane, Van Hanecrootsingel.

De nammejouwing fan de Migchelbrinkwei is ûntstien troch in misferstân. Master Migchelbrink wie haad fan de iepenbiere skoalle fan Aldwâld en net it earste haad fan de skoalle op De Trieme. It misferstân sil der kommen wêze om't Migchelbrink en ds. Politiek net allinne buorlju wienen, mar ek in mienskiplike leafhawwerij hienen. Master wie dwaande mei nije ierpelrassen en dûmny hie syn kas.

Untwikkeling ynwennertal

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·