Fogelsanghstate
Fogelsanghstate is in state yn Feankleaster. Hy is koart nei 1644 boud troch Sjouck fan Fogelsangh op grûn fan it eardere norbertiner frouljuskleaster De Oliveberch.
Nei de dea fan Sjouck komt de state yn besit fan har twa soannen Durk fan Fogelsang en Pibo fan Doma. Durk fan Fogelsangh wenne allinnich simmers op de state om't er gemeentesiktaris wie fan Frjentsjer en net sa fier fan syn wurk wenje koe. Syn soan Hylke fan Fogelsangh hat noch in skoftsje op Fogelsanghstate wenne. Nei it ferstjerren fan Durk yn 1664 wurdt Pibo fan Doma allinnich eigener.
Pibo fan Doma wenne ek net op Fogelsangstate. Nei syn ferstjerren kaam de state yn besit fan syn dochter Catharina en dêrnei har soan Jacob van Rosema, mar de state bleau ûnbewenne. De boel fertutearze dan ek slim.
Jacob wie net troud en mei syn ferstjerren kaam it hús yn besit fan Anna van Scheltinga dy't troud wie mei Johannes van Glinstra, dy't grytman wie fan Tytsjerksteradiel. Harren dochter Wya Chatarina van Glinstra erft de state. Sy troude mei de lettere grytman fan Kollumerlân, Willem Hendrik van Heemstra. Yn 1730 waard it hús hielendal ferboud.
Ek yn 1873 waard de state modernisearre, yn ferbân mei de besite fan Kening Willem III oan Fryslân.
Feankleaster Bosk
bewurkje seksjeIt park fan sawat 12 bunder stiet bekend as de Feankleaster bosk. It is oanlein troch Lucas Pieters Roodbaard tusken 1838 en 1844, yn de Ingelske lânskipsstyl. Yn it park binne ûnder oaren in trije-earmige brêge en ferskeidene fivers en wetterpartijen makke. Ek is der in iiskelder (±1871) oanlein yn in keunstmjittige hichte.
Museum
bewurkje seksjeFogelsanghstate is fan 1948 ôf brûkt as úthôf fan it Frysk Museum. Mar yn 2000 komt dêr in ein oan. De eigeners Kyria Livia d’Asembourg barones van Harinxma thoe Slooten en har man Charles Alfred greve de Marchant et d’Asembourg, rjochtsje de “Stifting Fogelsangh State” op om jild byinoar te sammeljen om Fogelsanghstate op te knappen. Yn 2003 is it wurk dien en giet de state wer iepen as museum. Fan 2004 ôf wurdt de Kolleksje Van Iddekinge, yn brûklien jûn troch de Nederlânske Kastielestifting, tentoansteld.
-
1873
-
1873
-
skou (1981)
-
Koepelkeamer
-
wenkeamer
-
foarside 2009
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fogelsanghstate fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |