Frederik Willem Jacob van Aylva van Pallandt
Baron Frederik Willem Jacob van Aylva van Pallandt (Aldwâld, 20 septimber 1826 - Putten, 27 jannewaris 1906) wie in Nederlânsk politikus.
Frederik Willem Jacob van Aylva van Pallandt | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 20 septimber 1826 | |
berteplak | Aldwâld | |
stjerdatum | 27 jannewaris 1906 | |
stjerplak | Putten | |
partij | Anty-Revolúsjonêre Partij | |
Keamerhear fan keningin-widdo Anna Paulowna fan Ruslân | ||
amtsperioade | 1849 - 1856 | |
Keamerhear-seremoanjemaster fan de kening | ||
amtsperioade | 1856 - 1871 | |
Lid Provinsjale Steaten fan Gelderlân | ||
amtsperioade | 1875 - 1901 | |
Twadde Keamerlid | ||
amtsperioade | 1884 - 1888 | |
offisjele webside | ||
parlement.com |
Famylje
bewurkje seksjeVan Pallandt wie in lid fan de famylje Van Pallandt en in soan fan it Earste Keamerlid H.W. van Aylva baron van Pallandt, hear fan Waardenburg en Neerijnen (1804-1881), opperkeamerhear, en Constantia Catharina Wilhelmma van Scheltinga (1804 -1890). Hy troude yn 1856 mei Anna Frederica Evert barones fan Goltstein (1829 -1917); it pear krige gjin bern.
Karriêre
bewurkje seksjeVan Pallandt wie in Antyrevolúsjonêr Twadde Keamerlid (1884-1887) foar it distrikt Tiel. Hy ferklearre sels dat er ûngeskikt wie foar it Keamerlidmaatskip. Hy wenne op it kastiel Vanenburg by Putten en wie yn dy gemeente riedslid. Hy betanke yn 1883 foar in beneaming ta Earste Keamerlid, mar liet him yn 1884 wol oerhelje om Twadde Keamerlid te wurden. Hy fierde wol in pear kear it wurd, mar allinnich by ûnderwerpen fan net sa'n wichtich belang. Yn 1886 stimde er tsjin it foarstel om in parlemintêre enkête te hâlden nei de tastannen yn fabriken en wurkpleatsen.
Van Pallandt wie ek lid fan Provinsjale Steaten fan Gelderlân (1875 -1901).
Hoffunksjes
bewurkje seksjeVan Pallandt wie keamerhear fan keningin-widdo Anna Paulowna fan Ruslân (1849-1856) en keamerhear-seremoanjemaster fan kening Willem III fan de Nederlannen (1856 -1871). Oant 1871 wie er ek lid fan de Hofkommisje. Fan 1871 ôf wie er keamerhear y.b.t.
Underskiedingen
bewurkje seksje- Offisier yn de Oarder fan de Ikekroan
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Kommandeur yn de Oarder fan de Ikekroan
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |