Swarte Mosk
Swarte Mosk is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Swarte Mosk leit eastlik fan Ealsum, noardeastlik fan Dokkum en súdwestlik fan Wetsens. Swarte Mosk leit yn de himrik fan Ealsum.
De bebouwing fan de buorskip leit rûn de lyknammige krúsing fan de Dokkumerwei, de Sybrandawei en de Mockamawei. De kearn bestiet út 2 adressen oan de Mockamawei en 1 oan de Dokkumerwei.
Skiednis
bewurkje seksjeEartiids
bewurkje seksjeOp de Swarte Mosk stienen fanâlds twa lytse buorkerijen; no is dêr ek in nije pleats. De kadastrale minútkaart fan 1832 jout in lyts gebou by 'Swarte Mosk' dat al lang fuort is.
Yn it ferline kaam de jeugd út de omkriten yn Swarte Mosk byinoar.[1] De skriuwer Durk van der Ploeg, dy't yn Ealsum wenne hat, ferwiist yn syn romans De Jacht (1988) en Foarby it Boarkumer fjoer (2002) nei Swarte Mosk.[2][3]
Untstean en namme
bewurkje seksjeDe oarsprong fan de namme is ûnwis. Guonts tinke dat it de namme fan in kroechje west hat. Letter hie in boerespultsje de namme Swarte Mosk dat yn de iere jierren fyftich ôfbrutsen waard meidat it it ferkear yn 'e wei stie. Swarte Mosk komt net foar yn de beide Schotanusatlassen, de atlassen út de 19e iuw en ek net op de frijwat sekuere earste TMK. [4] De Bosatlas van Fryslân jout de namme foar it earst wol.
Gemeentelike weryndieling
bewurkje seksjeSûnt 2019 leit Swarte Mosk yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|